Neo Rauch
Neo Rauch | ||
keunstner | ||
Neo Rauch (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 18 april 1960 | |
berteplak | Leipzig (DDR) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, heechlearaar | |
streaming | Nije Leipziger Skoalle | |
prizen | U.o Vincent Award, 2002 |
Neo Rauch (Leipzig, 18 april 1960) is in Dútsk keunstskilder. Hy jildt as paadsljochter fan de saneamde Neue Leipziger Schule.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rauchs âlders ferlearen it libben by in treinûngelok doe't er fjouwer wike wie. Heit Hanno Rauch wie 21 en syn mem Helga Wand 19 jier. Beide studearren op dat stuit keunst oan de Hochschule für Grafik und Buchkunst Leipzig.[1] Rauch studearre skilderkeunst oan deselde skoalle fan 1981 oant 1986 by Arno Rink, dêr't er fan 1986 oant 1990 syn oplieding dien makke by Bernard Heisig. Fan 1993 oant 1998 assistearre er Arno Rink oan de Akademy fan Leipzig, om yn 2005 sels ta heechlearaar beneamd te wurden.
Rauch hat in skoftke abstrakt skildere, mar gie rillegau wer oer op figuratyf skilderjen. Yn syn wurk is de ynfloed fan it Sosjalistysk-realistyske keunst yn de DDR te fernimmen. It wurk hat ek surrealistyske eleminten, mar Rauch wifellet sels at er yn ferbân mei surrealism brocht wurdt.
Rauchs earste útstalling, dêr't er bot opfoel, wie de groepstentoanstelling Junge Künstler im Bezirk Leipzig fan 1986 yn it Lindenau-Museum yn Altenburg. In oantal oare eksposysjes wiene yn Leipzig: 1997 yn it Museum der bildende Künste (keunstpriis fan de Leipziger Volkszeitung) en 2000 yn de Galerie für Zeitgenössische Kunst; Wolfsburg: 2006 yn it Kunstmuseum Wolfsburg (retrospektive tentoanstelling); New York: 2007 yn it Metropolitan Museum of Art (de eksposysje para).
Rauch fertsjintwurdige Dútslân yn 2001 by de Biënnale fan Feneetsje en die yn 2004 mei oan de Biënnale fan São Paulo. It wurk fan Rauch is yn Dútslân ûnder oare yn de keunstkolleksjes fan it Neues Museum Nürnberg yn Neurenberch te sjen. Yn Rauchs priveekolleksje sit ek eigen wurk. Fierder hawwe ûnder mear it Gemeentemuseum yn De Haach en it Stedelik Museum, Amsterdam, wurk fan him op 'e noed.
Yn 2002 wûn die de The Vincent van Gogh Biennal Award for Contemporary Art in Europe.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neo Rauch fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |