Nena Sanchez

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Nena Sanchez (1943 - 2017) wie in Kurasausk keunstneresse, binnenhûsarsjitekte en de eardere Miss Kurasau. Sûnt 2002 hie hja har eigen keunstgallery yn it eardere plantaazjehûs Jan Kok by it doarp Sint-Willibrordus op Kurasau.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn har bernetiid hie Sanchez al niget oan keunst. Mei 18 jier die se mei oan in keunstkriich dy’t troch it departemint foar kultuer en keunst organisearre waard. De tolve bêste skilderijen waarden ûnderdiel fan in útstalling dy’t troch Meksiko en it Karibysk Gebiet reizge.

Yn 1966 die Nena mei oan de missferkiezing op Kurasau. Hja waard Miss Kurasau en mocht dielnimme oan de ynternasjonale missferkiezing. Yn de rol fan Miss Kurasau fertsjintwurdige hja it eilân by ferskate ynternasjonale eveneminten. Sanchez studearre foar binnenhûsarsjitekt en wurke yn de Feriene Steaten, Europa en Aazje. Yn dat tiidrek sette se har skildersambysje op in sêft sin.

Nei 25 jier om utens op ferskate kontininten, ferhuze Sanchez yn 1994 werom nei Kurasau. Sûnder learmaster makke se har de skilderkeunst wer eigen en begûn as autodidakt te eksperimintearjen mei ferskillende materialen lykas kanvas, papier en hout. Har ynspiraasje helle se út de tropyske omjouwing. Har skilderingen litte it Karibyske lânskip sjen. Hja skildere ûnder oaren tropyske blommen en planten, huzen, (palm)beammen en minsken. Har skilderstyl is mei in protte felle kleuren de fleurige kant it neist.

Sûnt 1998 joech Sanchez har keunstwurk sels út. Hja ferkocht kopyen fan har wurk op ûnder oaren kanvas en as kalinders. Har wurk is rûnom op it eilân sichtber en troch ferkeap ek bûten it eilân yn priveebesit. Har wurk wurdt ek brûkt foar promoasje fan it eilân op ûnder oaren websiden en yn tydskriften.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]