NPO 1

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nederland 1)
NPO 1
medium telefyzje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 2 oktober 1951
haadkertier Hilfertsom (Nederlân)
ûntfangstgeb. Nederlân, Flaanderen,
parten fan Dútslân
eigner Nederlânske Publike Omrop
webside Webside NPO 1

NPO 1 (oant 19 augustus 2014 Nederland 1) is ien fan de trije telefyzjestjoerders fan de Nederlânske Publike Omrop en is it âldste telefyzjekanaal fan Nederlân. De stjoerder, dy't al yn 1951 úteinsette, rjochtet him tsjintwurdich op in breed publyk. Netkoördinator fan NPO 1 is Frans Klein.

Yn 2014 wie it de bêst besjoene stjoerder fan Nederlân, mei in gemiddeld merkoandiel fan 24.2% (doelgroep 6+, tiidrek 18:00 - 24:00 oere).