Nederdútsk-grifformearde tsjerke (Aberdeen)

Ut Wikipedy
Nederdútsk-grifformearde tsjerke
NG-tsjerke yn Aberdeen mei de op ien nei heechste tsjerketoer yn Súd-Afrika
NG-tsjerke yn Aberdeen mei de op ien nei heechste tsjerketoer yn Súd-Afrika
Lokaasje
lân Súd-Afrika
provinsje East-Kaap
plak Aberdeen
koördinaten 32° 23' 32" S 24° 5' 23" E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Nederdútsk-Grifformearde Tsjerke (Súd-Afrika)
Arsjitektuer
boujier 1885
Kaart
Nederdútsk-grifformearde tsjerke (East-Kaap)
Nederdútsk-grifformearde tsjerke
Sydoansjoch fan de tsjerke.

De Nederdútsk-grifformearde tsjerke yn Aberdeen, yn de Súdafrikaanske provinsje East-Kaap is in tsjerkegebou fan de gemeente fan de Nederdútsk-Grifformearde Tsjerke yn de Synoade fan East-Kaaplân. It is ien fan de seis gemeenten dy't yn 1855 yn de doetiidske Kaapkoloanje ûntstien binne. De gemeente fan Aberdeen wie de op ien nei lêste dy't dat jier stifte waard. Jansenville, dy't ek yn de provinsje East-Kaap leit, wie de earste op 4 febrewaris, Ceres waard twadde op 21 maart, Sutherland tredde, dêrnei Aberdeen, Heidelberg fiifde en Simonstad sechsde.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 10 septimber 1855 die de tsjerkeried fan de NG-gemeente fan Graaff-Reinet, de âldste gemeente fan de East-Kaap, in fersyk foar de ôfskieding fan in nije gemeente yn de omkriten dêr't letter Aberdeen komme soe. Aberdeen ûntstie, lykas in protte oare stêden yn it eardere Kaaplân, as tsjerkeplak. Op 16 oktober dat jier gie de pastorije fan Graaff-Reinet, de saneamde tredde pastorije nei Kaapstêd en Swellendam formeel oer ta ôfskieding fan de gemeente by de gearkomste yn Cradock, nei fersyk fan de tsjerkeried fan de parochy fan Graaff- Reinet. De oarspronklike namme fan de gemeente wie Brakkefontein. In pleats mei dy namme waard troch in kommisje as plak foar parochy en stêd útkeazen. Dûmny Andrew Murray Sr. waard beneamd as adviseur.

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pleats, dy't ta in Jan Vorster hearde, waard foar £4.875 kocht. De pastorije fan Graaff-Reinet ratifisearre op 16 oktober 1855 de oprjochting fan de gemeente. De namme waard dêrnei feroare fan Brakkefontein nei Aberdeen om't Aberdeen yn Skotlân it wenplak fan dûmny Murray wie. It jier dêrnei waarden ek de gemeente en stêd Murraysburg nei him neamd. De perselen waarden útmetten en ferkocht, wylst de tsjerkeried de kontrôle oer de stedsgrûn en ek it rjocht op erfbelesting hold. Pas krapoan in iuw nei de oprjochting, yn 1949, lykas ek it gefal wie mei in oare Eastkaapske tsjerkestêd, Steytlerville, joech de tsjerkeried al syn rjochten oer oan it yn 1858 oprjochte stedsbestjoer. Dêrút ûntstie de lettere gemeente.

Der kaam in lyts tsjerkegebou, mar it doarp groeide hiel stadich. Op 21 jannewaris 1856 waard de hear Swarts beneamd ta earste foarlêzer, koster en skoalmaster fan 'e stêd mei in salaris fan £50 yn 't jier. Op 21 septimber 1862 naam dûmny T.M. Grey it amt oer yn tiden dat der suver in tekoart oan dûmnys wie. Yn syn amt waard de earste tsjerke boud. Yn 1866 naam dûmny H.D. Cilliers it amt fan him oer. Oant 1917 wurke er yn Aberdeen, dus mear as 53 jier, itjinge betsjutte dat er op it momint fan syn opstappen wol 70 jier âld wêze moatten hie.

Tsjerkegebou fergrutte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1905 fierde de gemeente syn 50-jierrich jubileum en besleat, de tsjerke sa't dy doe bestie, te fergrutsjen en bou de heechste toer fan it lân, alhoewol't dy oanspraak bestriden wurdt troch bygelyks de Toertsjerke, mei in hichte fan 60 m. De tsjerke waard grut útboud. De tsjerke stiet hjoed-de-dei, mear as hûndert jier letter, noch kreksa sa't dy yn 1907 útboud ward. Dûmny A.F. Louw folge Cilliers yn 1917 op en bleau dêr oant 1920 it amt te ferfoljen.

Lettere predikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1921 kaam dûmny G.J. Barnard by de gemeente en wurke dêr 27 jier. Yn de earste 93 jier fan syn bestean hie de gemeente dus mar fjouwer dûmnys, dêr't twa yn totaal 80 jier yn it amt fan stiene. Yn de snuorje fan de amt fan dûmny Barnard krige de tsjerkeseal syn beslach. It kostershûs Goeie Hoop waard doe kocht en in nije herberch boud. Yn 1948 naam dûmny J.J. Set it amt oer en ferfolle syn amt oant er op 14 maart 1970 mjirkes gie. Hy waard op 19 juny 1971 opfolge troch dûmny Frederick Simon Vivier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part oernommen fan de Afrikaansktalige wikipedyside: foar boarnen en de bewurkingsskiednis, sjoch op dizze side.

  • Olivier, ds. P.L. (gearstaller), Ons gemeentelike feesalbum. Kaapstêd en Pretoria: N.G. Kerk-uitgewers, 1952.