Nauwe Wimerts (Snits)
Appearance
De Nauwe Wimerts is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wetter foarme foar de gemeentlike weryndieling de grins fan de gemeenten Wymbritseradiel en Snits. De feart rint as fuortsetting fan de Tsjerkesleat east fan Drylts nei de N345 troch nei de súdeastliker lizzende Swarte Brekken en de Easterwimerts.
De namme Nauwe Wimerts jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nauwe Wijmerts.