Nau fan Calais

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nau fan Kales)
Nau fan Calais
Yn it Ingelsk wurdt it Nau fan Calais de "Strjitte fan Dover" neamd.
Yn it Ingelsk wurdt it Nau fan Calais de "Strjitte fan Dover" neamd.
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje tusken s.e. Ingelân en
   n.w. Frankryk
lân Feriene Keninkryk
Frankryk
koördinaten 51°00′ N, 1°30′ E
ûnderdiel fan It Kanaal
sifers
maks. breedte 32 km
djiptegemiddelde 46m

It Nau fan Calais of Strjitte fan Dover is in wetter tusken Grut-Brittanje en Frankryk.

De nammen ferwize nei it plak Calais yn Frankryk en Dover yn Ingelân. It Nau fan Calais ferbynt It Kanaal en de Atlantyske Oseaan yn it westen mei de Noardsee yn it noarden. De trochsneed breedte is 65 km.; tusken Dover en Calais is de breedte mar 32 kilometer. Dit feit makket it wetter in gaadlik plak foar feartsjinsten tusken Frankryk, Belgje en Ingelân. De Kanaaltunnel ûnder it Nau fan Calais ferbynt Grut-Brittanje mei Frankryk.