Springe nei ynhâld

Nasjonaal Bus Museum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nationaal Bus Museum)
DAF-touringcar ESA 133, boujier 1964, mei karrossery fan Groenewold, fan it Nationaal Bus Museum op 5 oktober 2003
DAF-streekbus Noord-Westhoek 2, boujier 1975, mei karrossery fan ZABO, fan it Nationaal Busmuseum op 24 maaie 2008 yn Hoarn

It Nasjonaal Bus Museum te Hegesân, oant 2011, it Noardlik Bus Museum te Wynskoat is in stifting mei as doel it bewarjen, restaurearjen en riidree hâlden fan autobussen, benammen út Noard-Nederlân.

It museum behearret in samling fan sa'n 25 histoaryske autobussen, dêr't in part fan noch ride kin en mei en in oar part noch op restauraasje wachtet. Dit materieel datearret fan de jierren tritich oan tachtich fan de 20e iuw en komt fan meast net mear besteande bedriuwen sa as DAM, ESA, FRAM, GADO, GDS, GVB Groningen, Harmanni, Leeuwarder Auto Bedrijf, Marnedienst, NTM, NWH, OAD, Pieper, Autobedriuw ZWH e.o. In apart eksimplaar is de Volvo / Berkhof finzenebus, dy't brûkt is troch it finzeniswêzen yn Nederlân.

Neist bussen hat it museum ek attributen fan it iepenbier ferfier út de noardlike provinsjes en in argyf mei dokumintaasje, ûnder oaren fan it eartydske Kromhout, makker fan autobussen en frachtweinen.

Sûnt 1985 húsmannet it museum yn in garaazje út 1954 fan it eartiidske streekferfierbedriuw GADO. It pân wurdt hierd fan de gemeente Wynskoat. Yn 2010 is it museum ferhuze nei in grutter gebou yn Martenshoek by Hegesân, dêr't de hiele kolleksje yn ien kear besjoen wurde kin.

Kolleksje (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nûmer Bedriuw Jier Type Opmerking Ofbyld
4400 GADO 1958 Leyland-Verheul streekbus op 15 maart 1982 oernommen fan GADO
66 Harmanni 1964 Mercedes-Benz, Jonckheere
133 ESA 1964 DAF-Groenewold
154 DAM 1965 DAF-Smit Appingedam Yn febrewaris 1982 oernommen fan GADO
22 GDS 1967 Leyland-Den Oudsten streekbus
1121 Noord-Oost-Friesche Autobusonderneming 1968 Leyland-Verheul LVB668 standertstreekbus
Citosa/Westnederland 1111
7 GVG 1968 Leyland-Verheul stedsbus
17 Leeuwarder Auto Bedrijf 1968 DAF-Smit Joure
88 Autobedriuw ZWH 1971 DAF-Hainje
2 Noord-Westhoek 1975 DAF-ZABO streekbus
2783 Groninger Autobusdienst Onderneming 1975 Leyland-Den Oudsten kabrioletbus
5677 Westnederland 1976 Leyland-Den Oudsten koarte standertstreekbus
57 DVM 1977 Leyland-Den Oudsten
2692 FRAM 1978 Leyland-Den Oudsten standertstreekbus
61 GVBG 1978 DAF-Hainje stedsbus CSA 1
1671 FRAM 1980 Leyland
1759 VAD 1980 Den Oudsten-Leyland
8797 GSM 1981 Den Oudsten
36 Noord-Westhoek 1986 DAF-Den Oudsten standertstreekbus
44 Pieper 1988 Volvo-LAG AI450
52 GVU 1989 DAF-Hainje stedsbus CSA 2
519 GVU 1990 Volvo-Den Oudsten B88 gearstalde bus

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]