Nasjonaal Holokaust Museum
It Nasjonaal Holokaust Museum is in Nederlânsk museum oer de Holokaust. It museum is festige yn de eardere kweekskoalle foar it Joadsk monumint de Hollandsche Schouwburg oer yn Amsterdam. It museum falt organisatoarysk ûnder it Joadsk Kultuereel Kertier.
Under de Joadeferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch waarden fia dit gebou, dat doe as ferbliuw foar Joadske bern dy't deportearre wurde soenen brûkt waard, mei help fan it ferset hûnderten bern nei feilige plakken brocht.
De earste faze fan it museum waard yn 2016 iepene foar it publyk. Der binne tentoanstellingen en lytse presintaasjes op de begeane grûn fan it pân. It is it doel dat it hiele gebou foar museale doelen brûkt wurde sil.
Renovaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2020 gie it museum ticht yn ferbân mei in ferbouwing. De yngeande renovaasje wie yn de jierren 2021 -2024. Dêrby waard it âlde skoalgebou opknapt ûnder lieding fan arsjitekteburo Winhov. Dy stjoerde oan op it sichtber meitsjen fan de skoalstruktuer (lokalen en gongen). In part fan it gebou krige in nije foargevel fan ljochte stiennen yn saneamd Braziliaansk mitselferbân. [1][2] [3]
Nasjonaal tankteken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn jannewaris 2024 waard foar it (fannijs) iepenjen fan it museum op 11 maart 2024 op it binnenplak it Nasjonaal tankmonumint ûntbleate. It is ûntwurpen troch Gabriel Lester, dy 't mei in steande ljedder rjochting in (iepen) fjouwerkant, de situaasje fan ûnderdûkers besocht út te byldzjen. De ljedder laat nei de iepen loft of frijheid. Foar Lester kaam sa in lang koestere winsk út; fan jongs ôf oan besocht er de benypt situaasje fan ûnderdûkers foar te stellen. Oars as it Monumint fan Joadske Erkentlikens fan Jobs Wertheim is it Nasjonaal tankmonumint rjochte op it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. It slagge harren út dit gebou fan de Herfoarme Kweekskoalle en de tsjinoerlizzende Hollandse Schouwburg wei ferskate Joadske bern te rêden fan deportaasje en fergassing. Oerlibjenden fan de Holokaust en har neiteam wiene oanwêzich by de ûntbleating. Oan de gevel fan de âldbou is sûnt 1982 al de Plaquette helpers te sjen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |