Nasjonaal Binnenfeartmonumint
Nasjonaal Binnenfeartmonumint | ||
keunstwurk | ||
Nasjonaal Binnenfeartmonumint | ||
bysûnderheden | ||
jier | 2006 | |
keunstner | Ids Willemsma | |
materiaal | stiel | |
hichte | 6 meter | |
plak | Skoklân |
It 'Nasjonaal Binnenfeartmonumint' is in keunstwurk op Skoklân dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.
It seis meter hege byld toant in skip dêr’t de boaiem fan ûntliend is oan de Skokker, dêr’t eartiids in soad mei fearn waard op de Sudersee. Fierders binne der spanten, seilnaden en beweging yn it byld ferwurke. It monumint is makke fan duorsum skildere stiel.
It monumint waard ûntwurpen by it 160-jierrich bestean fan de Keninklike Schuttevaer, in feriening dy’t opkomt foar de belangen fan de beropsbinnenfeart. De feriening is neamd nei Willem Jan Schuttevaer, de behâlder fan Skoklân. Troch syn krewearjen is de haven fan Skoklân nei 1860 behâlden as skûlhaven.[1] It monumint is in earbetoan oan elk dy’t belutsen wie by de binnenfeart. It keunstwurk stiet op de noardpunt fan Skoklân omdat it eartiidske eilân oan hûnderten skippen beskûl joech by min waar. It wurk blykte úteinlik sa grut dat Willemsma problemen hie om it yn syn eigen hal ôf te meitsjen. It 8500 kilo swiere keunstwurk waard dêrom nei spesjaal ferfier nei in coatingsbedriuw op It Hearrenfean brocht.
It byld waard op 5 juny 2009 ûntbleate troch keninginne Beatrix.[2] By de presintaasje sei Ids Willemsma: It monumint is seis meter heech. Dat moat je minimaal hawwe, wolle jo yn dit lânskip wat fertelle. Lykas in boei in beaken wie yn de Sudersee, sa is dit monumint in beaken yn dit wide lânskip. De foarmetaal slút oan by de omjouwing: swart, massyf, stiel, havenwurken, konstruksje, skipsbou, fjoertoer en wetterkearing.
De opdracht foar in byld wie de priis fan in wedstriid dêr’t ek de Nederlânske skriuwer-keunstner Jan Wolkers oan meidie. Nei it foarlêzen op telefyzje fan in pikante sêne út Wolkers syn boeken foel Wolkers ôf by guon leden fan Schuttevaer en krige Ids Willemsma de opdracht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|