Springe nei ynhâld

Willem Jan Schuttevaer

Ut Wikipedy
Willem Jan Schuttevaer

Willem Jan Schuttevaer (Swol, 17 jannewaris 1798 - Bloemendaal, 11 augustus 1881) is de oprjochter fan de Keninklike Skippersferiening Schuttevaer. Hy wie skipper en hanneler fan berop.

Schuttevaer fersette him tsjin hege tolheffing. De NV Maatschappij ter verbetering van den handelsweg over het Zwolsche Diep twong de skippers mei te beteljen oan it útdjipjen en fersmeljen fan de farwegen foar lânwinning en fan skippen mei mear djipgong. Schuttevaer en de ferfeanter en advokaat Lucas Oldenhuis Gratama fertsjintwurdigen de belangen fan de turfskippers (mei platboaiems) dy't meibetelje moasten oan dingen dy't allinnich foardielen foar harren konkurrinten hienen.[1]

De striid tsjin de tolheffing op it Swolske Djip duorre 17 jier. Minister Thorbecke joech de turfskippers gelyk, dat wie earst yn 1862. Dêrnei waard it aksjekommitee op 17 jannewaris 1863 omset yn de skippersferiening Schuttevaer.

Willem Jan Schuttevaer leit te hôf op it Algemiene Begraafplak Meppelerstraatweg yn Swol. yn 2007 is it grêf troch boargemaster en wethâlders erkend as 'kultuer-histoarysk fan wearde'.[2] Yn Swol is in strjitte nei him neamd: Schuttevaerkade. De Schuttevaerkade 66 hat in gevelstien mei syn namme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website Vaart!
  2. Sleijster, W. (2007). Waarde graf: rekbaar begrip. Website de Stentor. Sjoen op 09-12-2007 fia hjir.