Naheed Nenshi
Naheed Nenshi | ||
politikus | ||
echte namme | Naheed Kurban Nenshi | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
bertedatum | 2 febrewaris 1972) | |
berteplak | Toronto (Ontario) | |
etnisiteit | Yndiaask | |
partij | Liberale Partij fan Kanada | |
Boargemaster fan Calgary | ||
amtsperioade | 2010 – 2016 | |
foargonger | Dave Bronconnier | |
opfolger | noch ûnbekend |
Naheed Nenshi (folút: Naheed Kurban Nenshi; Toronto (Ontario), 2 febrewaris 1972) is in Kanadeesk politikus. Hy waard by de ferkiezings fan 2010 keazen ta boargemaster fan Calgary,[1] en yn 2013 waard er werkeazen. Dêrmei wied er de earst islamityske boargemaster fan in grutte Noardamerikaanske stêd.
Nenshi waard grut yn Calgary. Syn âldelju wiene ymmigranten fan Yndiaask komôf út it Eastafrikaanske lân Tanzania wei. Hy helle in master's degree fan Havard, hat syn eigen advysburo en wie in professor oan Mount Royal Universiteit yn Calgary.
Yn 2004 besocht er om yn de gemeenterie fan Calgary in plakje te winnen, mar dat mislearre. Foar de ferkiezing ta boargemaster yn 2010 makke hy in protte gebrûk fan sosjale media as Facebook en Twitter en berikte dêrmei in protte jonge kiezers. Hy wûn mei 40% fan de stimmen. De kandidaat op it twadde plak krige 32%.
Nenshi is in oanhinger fan 'e ismaelityske tûke fan 'e sjiïtyske islaam. Dat spile lykwols gjin inkele rol yn de oanrin nei de ferkiezings. Syn ferkiezing wurdt beskôge as in wichtige ferskowing yn it politike lânskip fan de provinsje Alberta en it karakter fan Calgary.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|