Nadezjda Udaltsova
Nadezhda Udaltsova, ek wol stavere as Nadejna Udaltsova (Orjol, 10 jannewaris 1886 – Moskou, 1961) wie in Russyske avant-garde keunstskilder, kubist en suprematist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nadezjda Udaltsova waard berne yn Orjol yn Ruslân as dochter fan de plysjeoffisier Andrev Timofejevitsj Prudkovsky en Vera Nikolajevna Choglakova. Yn 1892 ferhûze de húshâlding nei Moskou, dêr't Nadezhda nei in partikulier famkesgymnasium gie. Yn 1905 helle sy it diploma en studearre dêrnei yn partikuliere ateliers yn Moskou (ûnder oare by Konstantin Jûon (1875-1958)) en doe yn Parys by André Segonzac.
Werom yn Ruslân wurke hja yn it atelier fan Vladimir Tatlin. Fan 1910 oant 1914 wie sy lid fan it Fakbûn fan Keunstners, Sojoes Molodjozsji, mei oaren sa as David Boerljoek, Vladimir Boerljoek, Pavel Filonov, Kazimir Malevitsj, Ivan Kliun.
Yn 1915 waard hja lid fan de beweging fan Kazimir Malevich syn neifolgers Supremus, en yn 1915-1916 wurke sy mei de suprematistyske keunstners (Kazimir Malevitsj, Aleksandra Ekster, Ljoebov Popova, Nina Genke, Olga Rozanova, Ivan Kliun, Ivan Poeni, Ksenia Bogoeslavskaja en oaren) yn it Verbovka Folks Sintrum.
Nei de Oktoberrevolúsje joech hja les oan VKhuTeMas Ynstitút foar Artistike Kultuer (InKhuK) (VKhUTEMAS-VKhUTEIN). Sy joech harsels dien by it InKhuK omdat sy har net fine koe yn it plan om it skilderjen (op ezel) te ferfangen troch yndustriële keunst/foarmjouwing (Produktivisme).
Yn de jierren 20 gie sy werom nei de figurative keunst. Dat kaam troch de ynfloed fan har man, de avant-garde skilder Aleksander Drevin.
Udaltsova en Drevin wienen de stifters fan de keunstnersrûnte Trettjin (‘13’).
Yn 1929-1932 reizgen sy tegearre nei it Altaiberchtme, yn 1933-1935 wiene sy yn Armeenje oan it wurk. Aleksander Drevin waard 1938 oanholden en letter eksekutearre troch de geheime tsjinst NKVD, en Udaltsova waard persona non grata yn de wrâld fan de Sovjetkeunst.
De Udaltsova-krater op Fenus is nei har ferneamd. Har soan wie de foaroansteande byldhouwer Andrej Drevin (1921-1996).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |