Springe nei ynhâld

NPO 1

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan NPO1)
NPO 1
algemiene ynformaasje
nasjonaliteitNederlân, Flaanderen,
parten fan Dútslân
mediumtelefyzje
taalNederlânsk
oprjochte2 oktober 1951
haadkertierHilfertsom (Nederlân)
eignerNederlânske Publike Omrop
útstjoergebiet
ûntfangstgebietNederlân, Flaanderen,
parten fan Dútslân
offisjele webside
Webside NPO 1

NPO 1 (oant 19 augustus 2014 Nederland 1) is ien fan de trije telefyzjestjoerders fan de Nederlânske Publike Omrop en is it âldste telefyzjekanaal fan Nederlân. De stjoerder, dy't al yn 1951 úteinsette, rjochtet him tsjintwurdich op in breed publyk. Netkoördinator fan NPO 1 is Frans Klein.

Yn 2014 wie it de bêst besjoene stjoerder fan Nederlân, mei in gemiddeld merkoandiel fan 24.2% (doelgroep 6+, tiidrek 18:00 - 24:00 oere).