Mystearjespul

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mystearjespul, Flaanderen, 15e iuw

It mystearjespul is in foarm fan Midsiuwsk toaniel. It heart by de ierste foarmen yn Jeropa.

It spul ûntstie yn de tsjerke út in foarm fan oanskôchlik ûnderwiis. Geastliken ferbylden dêrby in barren út de Bibel fia dialooch en barsang. Linkendewei ûntjoech dat him ta in mear útwreide foarstelling. De oantsjutting ‘mystearjespul’ ûntstie earst healwei de 15e iuw en is mooglik ûntstien út in betizing tusken de Latynske begripen 'ministerium' en 'mysterium'.

Neigeraden dy liturgyske spullen oan populariteit wûnen, waarden folkske eleminten tafoege en waard de folkstaal ek brûkt. Doe’t ek net-geastliken mei begûnen te dwaan, waarden de stikken hieltyd sekulierder. Yn de rin fan de 13e en 14e iuw wiene de útfierings hieltyd faker bûten de tsjerke, benammen yn de foarm fan weinspullen.

It mystearjespul ûntjoech him ta in searje spullen dêr’t alle wichtige Bibelske ferhalen yn oan de oarder kamen, fan de skepping oant De oardielsdei. De midsiuwske gildes namen de opfiering fan de foarstellings oer, wêrby’t elts gilde ferantwurdlik foar in beskaat ûnderdiel fan de bibelferhalen wie. Ek ûntstiene sykly fan spullen dy’t ek bekend binne ûnder de namme mirakelspullen, omdat dy ek hilligelibbens útbylden.

Oan de ein fan de 15e iuw wie de tradysje fan it spyljen fan de sykly op heechtijdagen oer hiel Jeropa ferspraat. It útfieren fan in folsleine syklus koe wol 20 oeren yn beslach nimme, en waard dêrom oer in tal dagen spraat.

Ut it mystearjespul stamt it décor simultané dat ek yn it barokke teater en iere ballet de noarm wie.

It mystearjespul yn de 19e en 20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1895 en 1898 waard yn Den Haach troch keunstnersferiening De Haagsche Kunstkring twa kear in mystearjespul opfierd. It gong om De sprook van den zanger fan Antoon Molenboer en om Mincelijn. In wat letter skreaun spul fan Louis Couperus dat de titel Imperia krige, waard nea opfierd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]