Muzykkafee De Gloppe
Appearance
| Muzykkafee De Gloppe | ||
| algemien | ||
| nasjonaliteit | ||
| type | Muzykkafee | |
| sektor | hoareka | |
| fêstige yn | Ljouwert | |
| opdoekt | april 2015 | |
| eigner | Mark Hoogkarspel | |
| sifers | ||
| tal lokaasjes | 1 | |
| kaart | ||
Muzykkafee De Gloppe siet oan de Poststrjitte 21 yn de binnenstêd fan Ljouwert. It muzykkafee mei boppeseal hie romte foar 250 besikers.
Yn 1999 wûn De Gloppe de Fryske Poppriis. [1]
It muzykkafee gie yn 2015 ticht, neidat it yn 2014 noch ferboud wie en yn dat jier noch twa nije programmeurs beneamd wiene. [2] It pân is ferkôcht oan it njonkenlizzende restaurant De Lachende Koe.[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |