Springe nei ynhâld

Museum Alde Boekdrukkeunst

Ut Wikipedy
Museum Alde Boekdrukkeunst
Ornaminten
Museum Alde Boekdrukkeunst

Museum Alde Boekdrukkeunst wie fan 1999 oant 2018 [1]in museum oer drukkerij en sit sûnt febrewaris 2001 yn de eardere slachterij oan de Doarpsstrjitte fan Almen by Lochem. De setterij, drukkerij en papierskepperij fan it museum foarmje in Hannelsdrukkerij Anno 1900.

Wurkjend museum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it wurkjende museum wurdt lykas eartiids printe en setten mei leaden en houten letters, Der steane hân-en trepdegels, setbokken, bysûndere klisjees, houtfiken, bokken mei houten letters, sierrânen en monogrammen út it leaden tiidrek en dat ek noch brûkt wurdt. Der leit in soad dokumintaasje wat mei de skiednis fan de boekdrukkeunst te krijen hat, ûnder oare printwurk, affysjes, papier boeken/mûnsters fan papierfabriken, famyljeprintwurk út de jierren '30, printwurk út de Twadde Wrâldoarloch. Der stiet ek in drukparse dy 't yn it ferset brûkt waard en oandreaun wurdt mei in fyts. In fâldmasine, snijmasine en perforearmasine beljochtsje aspekten fan it boekbinen.

It museum is opsetten troch Wolter Storteboom, dy't as jonge fan 14 begûn as hânsetter yn it grafyske fak. Hy sette it museum op as hobby en wol troch it museum it âlde ambacht fan hânsetten en boekbinen yn eare hâlde. It museum is begûn by de 'Middelste Mole' yn Loenen by Apeldoarn( 1999-2000 ). In grut part fan de kolleksje komt út drukkerij Kleinjans-Obendorff oan de Rykswei fan Sittard dy 't yn 2004 leechhelle waard. Printwurk e affysjes út omlizzende doarpen as Grevenbricht, Susteren, affysjes fan Sittardse Boys, fan de hurdfytsbaan Sittard, 700 jier Sittard dat fierd waard yn 1948, troukaarten, bidprintsjes, roubrieven fan de jierren 1932 - 1965 en folle mear kaam sa yn it museum.

Foar sneupers en samlers is der ek oarstallich materiaal te keap lykas grafyske boeken, proastprikels, boekbinersmaterialen, boeken oer papier meitsjen, leaden letters (boekbinerspoalissen) foar foly-druk. Op oanfraach kinne ek houten biljetletters brûkt wurde foar bygelyks jins eigen namme. Ek foar spesjale opdrachten as útnûgings, berte-, menukaarten of oar printwurk dat op de âlde manier setten en printe wurdt kin it museum soargje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Museum voor oude boekdrukkunst, webside yn't argyf, 2018