Springe nei ynhâld

Multyfunksjoneel Sintrum De Tysker

Ut Wikipedy
MFC De Tysker
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easterwierrum
adres Skuorrehôfwei 2A
bysûnderheden
type bouwurk doarpshûs
boujier 20032004
offisjele webside
www.easterwierrum.nl/de-tysker

Multyfunksjoneel Sintrum De Tysker (almeast ôfkoarte ta MFC De Tysker of gewoan De Tysker) is it doarpshûs fan it Fryske doarp Easterwierrum. It stiet oan 'e Skuorrehôfwei, oan 'e westkant fan it doarp, fuort njonken it sportfjild. It gebou is mei de help fan in protte frijwilligers boud yn 'e jierren 2003 en 2004.

De namme ferwiist nei de tradisjonele skelnamme foar Easterwierrumers: 'hynstetyskers' ("tysker" is in âld wurd foar keapman). Easterwierrum stie nammentlik iuwenlang wiid en siid bekend om syn hynstemerk.

MFC De Tysker bestiet út in grutte seal dy't opdielber is yn twa parten, mei dêropta in kafeediel en in romte foar it hâlden fan gearkomsten (benammen fan 'e bestjoeren fan ferienings út it doarp). Yn 2010 is De Tysker by in ferbouwing grutter makke, mei in berchhok oan 'e koken fêst en in materiaalberging foar de grutte seal. Sadwaande hoege sûnt dy tiid de tafels en stuollen net mear ûnder it poadium opburgen te wurden, mar kin men se ienfâldichwei de berging ynride.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: