Springe nei ynhâld

Muir of Ord

Ut Wikipedy
Muir of Ord
Am Blàr Dubh
Bestjoer
Lân Skotlân
Council areaHighland
Hist. greefskipRoss-shire
Sifers
Ynwennertal2.555 (2011)
Hichte35 m
Oar
TiidsôneUTC+0
SimmertiidUTC+1
Offisjele webside
http://www.muiroford.org.uk/

Muir of Ord (Skotsk-Gaelysk: Am Blàr Dubh) is in doarp yn de Skotske Heechlannen op it skiereilân Black Isle, sa'n 20 kilometer bewesten Inverness en ûngefear 10 kilometer súdlik fan Dingwall.

Alle jierren yn augustus wurdt de Black Isle Show,[1], ien fan de grutste lânbou-eksposysjes fan Skotlân, hâlden op in showterrein ûnder Muir of Ord.

Muir of Ord hat sûnt 1862 in stasjon oan it spoar Far North Line en de Kyle of Lochalsh Line.

Tichtby Muir of Ord stiet de Glen Ord Distillery, ien fan mar in pear oerbleaune whiskydistillearderijen op Black Isle.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Kastiel Tarradale
  • It hûs Tarradale
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Black Isle Show