Springe nei ynhâld

Mrs. Robinson

Ut Wikipedy
Mrs. Robinson
algemiene ynformaasje
B-kantOld Friends
artystSimon & Garfunkel
albumBookends
taalIngelsk
sjenreFolk-rock
útbrocht5 april 1968
opnommenColumbia Studio's
2 febrewaris 1968
doer4:02
labelColumbia
skriuwerPaul Simon
produsintRoy Halee,
Art Garfunkel,
Paul Simon
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 8,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 5,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 8
sertifisearre Itaalje goud,
Grut-Brittanje platina,
Feriene Steaten goud

Mrs. Robinson is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel op 2 febrewaris 1968 yn de Columbia Studio's yn New York en útbrocht op it album Bookends fan Simon & Garfunkel út 1968. Mrs. Robinson wie it tsiende nûmer op it album en waard op 5 april 1968 útbrocht as fjirde single fan it album.

Mrs. Robinson waard skreaun troch Paul Simon foar it lûdspoar fan The Graduate yn 1967. De haadpersoan yn de film, frou Robinson (spile troch Anne Bancroft), besiket it freontsje fan har dochter te ferlieden. It nûmer is sûnt 1968 noch in oantal kearen brûkt foar soundtracks, ûnder oare foar Forrest Gump. De singleferzje, útbrocht yn april 1968, is in wiidweidiger nûmer as de filmferzje (dêr't mar in pear kear it yn refrein te hearren is).