Springe nei ynhâld

Mouna Goeman Borgesius

Ut Wikipedy
Mouna Goeman Borgesius
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 6 april 1961
berteplak Grins
jierren aktyf 1990-no

Mouna Goeman Borgesius (Grins, 6 april 1961) is in Nederlânsk toaniel- en tf-aktrise.

Goeman Borgesius waard by it gruttere publyk fral bekend fan har rol as Zus Stokvis-Mollema út Emmer-Compascuum, de Drintske frou van Simon Stokvis yn de koartswillige searje Toen was geluk heel gewoon. Yn 1999 wûn hja mei dat programma de Gouden Televizier-Ring. Borgesius is in dochter fan byldzjend keunstnares Mia Kam en sjoernalist en lettere direkteur fan De Telegraaf mr. Henry Goeman Borgesius.

Goeman Borgesius spile ûnder oaren by it toanielelskip Orkater, yn û.o. De Nietsfabriek, en Mugmetdegoudentand wêrmei't hja Tegen de tachtig op de planken brocht.

Film en telefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 debutearre Goeman Borgesius yn de film Romeo, mei in byrol neist Monique van de Ven en Johan Leysen. Yn 1993 waard se caste foar de komedysearje Toen was geluk heel gewoon; dêryn spilet se njonken Sjoerd Pleijsier, Gerard Cox en Joke Bruijs. Teffens hie hja in rol yn ôfleverings fan de rigen Baantjer en TV7. De tv-rige Hertenkamp hie hja in gastrol yn en ek rollen yn de film Afblijven (út 2006) en Timboektoe dy't basearre is op it boek fan Carry Slee.

Maaie 2012 spile Goeman Borgesius psychologe Paula Christensen yn de RTL-soap Goede tijden, slechte tijden.

Teffens wie hja te sjen as barfaam Toos yn de tf-rige Aaf.

Film en Telefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]