Springe nei ynhâld

Moolje

Ut Wikipedy
spylboerd fan it Molespul

Moolje of mûnderje of mûnje is in iuwenâld boerdspul. It wurdt ek wol morris neamd of folút: Nine men's morris.

It spylboerd is oantroffen yn in dakplaat fan in Timpel yn Kurna yn Egypte dy't ± 1400 jier foar Kristus boud waard. Ek by opgravingen yn Troaje waard it diagram fûn en yn Ierlân yn it greefskip Wicklow is in gravuere yn in út de brûnstiid ôfkomstige stien fûn. Dizze waard nei alle gedachten troch hannelslju út Grikelân en Foenysje nei Noard-Europa brocht. Iuwen letter brûkten ek de Wytsingen itselde spylboerd-diagram. Yn in 9e-iuwsk skipsgrêf (Gokstadskip) dat om 1900 fûn waard yn Noarwegen, is in molespul-boerd oantroffen.

It hjoeddeiske spylboerd is krekt-en-gelyk as dat fan iuwen werom.

Yn de literatuer wurdt ek faak melding makke fan "Morris". Yn it Boek fan de spullen fan kening Alfonso de Wize wurdt it fermelden, mar ek yn de Talmoed en yn In Midsimmernachtdream fan Shakespeare komt it foar. Yn Midsiuwske geskriften út Frankryk, Ingelân en Dútslân ferskynt it spul ek geregeldwei.

De namme Morris is nei alle gedachten de midsiuwske Ingelske ferzje fan it merills of morell lykas de iere Midsiuwske ferzjes yn Frankryk hieten. Trochdat men ferskate ferzjes spyljen gie, ûntstienen der nine men's morris, three men's morris, ensafuorthinne.

It spul hat twa spilers, elk fan de spilers krijt njoggen pionnen, de iene swart, de oare wyt. It spul wurdt spile op de 24 punten (krusings en hoeken fan de linen) op it spylboerd. Der wurdt lotte foar de earste beurt.

It spul ferrint yn trije fazes:

  1. It setten - de spilers sette om bar in pion op de punten (krusings en hoeken fan de linen)
  2. It ferskowen - de pionnen kinne ferskood wurde: de pionnen meie oer in line op in oangrinzjend frije punt setten wurde.
  3. De einfaze - sa gau at in spiler noch mar trije pionnen hat, mei hy mei syn pionnen "springe": de spiler mei no per beurt in pion nei elk willekeurich punt springe litte. Sadree't hy noch in pion ferliest hat hy it spul ferlern.

N.B. dizze tredde faze wurdt net altyd sa spile. Yn guon farianten wurdt it "springen" net tastien.

Mooltsje meitsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om bar mei in spiler ien pion op it boerd sette, of as alle pionnen op it boerd steane, ien pion fersette neffens de regels neamd ûnder spulferrin.

It is de bedoeling om by it setten en ferskowen fan de pionnen in saneamd "mooltsje" te meitsjen. Dat wol sizze trije pionnen, fan de eigen kleur, op in rige (oangrinzjende punten op ien line). Op it momint dat in spiler in mooltsje makket, mei hy in pion fan de tsjinstanner út it spul nimme, te begjinnen mei stiennen dy't "los" steane. Dat wol sizze: pionnen dy't yn in mooltsje steane, meie net weihelle wurde as der noch stiennen stean dy't gjin diel útmeitsje fan in mooltsje. In weihelle pion kin net werom brocht wurde yn it spul.

Men kin in mooltsje iepenje troch ien fan de trije pionnen der út te skowen. Wurdt dy pion letter wer werombrocht, dan is der wer in mooltsje ûntstien en mei der wer in pion fan de tsjinstanner weinomd wurde.

It spul is út as in spiler noch mar twa pionnen oer hat of wannear ien fan de spilers gjin ferskowingen mear dwaan kin troch in blokkade fan syn tsjinstanner.

De reade pionnen op it ôfbyld hjirneist foarmje in saneamde wikselmole. Dit betsjut dat de reade spiler elke beurt opnij syn iene mooltsje iepenje en dêrby syn oare mooltsje slute kin. Hjirmei hat er in situaasje kreëarre wêryn hy fluch de pionnen fan syn tsjinstanner eliminearje kin.

Benammen oan it begjin fan it spul is it fan belang om in grutte bewegingsfrijheid foar jins pionnen te bewurkmasterjen. Gau mooltsjes meitsje is yn dit stadium minder fan belang. De fjouwer krúspunten yn de midden binne tige yn trek by betûfte spilers, de hoekpunten wurde leaver mijd.

It tal jildige posysjes wurdt rûsd op ûngefear 1010, it oantal mooglike spulferrinnen is ûngefear 1050. Yn oktober 1993 loste Ralph Gasser it molespul op: hy bewiisde dat it yn remize einiget as beide spilers folmakke spylje. Gasser ûntwikkele ek in kompjûterprogramma mei de namme Bushy dat beskôge wurdt as de sterkste spiler op de wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: