Springe nei ynhâld

Montzemastate

Ut Wikipedy
Montzemastate

Montzemastate ek: Monsmasate lei yn de himrik fan Brantgum, yn de gemeente Dongeradiel, oan de wei nei Hantum. De oarsprong is ûnbekend, ek is net mei wissichheid te sizzen oft it in state west hat. Op it stee stiet in mânske kop-hals-romppleats op in omgrêfte terrein mei in smeid izeren tagongsstek oan jitizerene homeiepeallen.

Yn 1511 wurdt Kempe Montie neamd as it grutste besit, dat hy lykwols pachtet fan 'Heer Laes met zijn susteren, Remmert op Spriens, Peter Hayens en de pastoor'. Tusken 1575 - 1579 komt Monsma foar yn de dekretale ferkeapen. It hûs 'op Montyema' wurdt yn 1615 beskreaun as: 'een huis, bestaande uit een voorhuijs, keucken, dorschhuijs ende achterhuijs', samen 17 vak lang'. Yn 1698/1700 foarmet de pleats fan 100 pûnsmiet noch it grutste bedriuw en hearde ta oan de bruorren Lieuwe en Jacob Lieuwes. Yn 1728 is it eigendom fan Aaltje Rinses dy't yn 1724 te Holwert boaske mei Lieuwe Melis. Aaltje kaam doe fan Brantgum en Lieuwe fan Holwert, dêr't se nei alle gedachten ek wenjen gienen. Monsma waard brûkt troch Bauke Alberts.

Yn 1832 steane de “erven R. Ripperda” te Ljouwert as eigeners oanjûn.

Eigeners/bewenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1511 'Heer Laes met zijn susteren, Remmert op Spriens, Peter Hayens en de pastoor', gebruiker Kempe Montie
  • 1698 Lieuwe en Jacob Lieuwes
  • 1728 Aaltje Rinses en Lieuwe Melis
  • 1832 erven R. Ripperda

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen