Springe nei ynhâld

Monsmastate (Blije)

Ut Wikipedy
Monsmastate (1723)

Monsmastate of Montzimastate stie flak by de tsjerke fan Blije en de gemeente Ferwerderadiel. Der is neat fan de state werom te finen, it terrein rûn fan de hjoeddeiske Stasjonswei fan ûngefear nr. 10 o/m 22.

Dizze state soe boud wêze yn 1588 mar moat fan oarsprong folle âlder wêze. Neffens "De historie gaat door het eigen dorp" fan Ale Algra stie de Monsma State krekt súdlik fan de tsjerke, "waar nu de stationsweg is in de buurt van het huis van Fokke Hoogterp". In plakbepaling dêr't wy no net folle mear mei kinne.
De famylje Monsma of Montzima hearde yn de 15e iuw grif net ta de stân fan haadlingen. Hy waard bekend troch it houlik yn 1539 fan Rints Aytta, de suster fan de machtige politikus Viglius fan Aytta, mei Popcke Takes Monthiema. Popcke syn heit Take Monthiema wie yn 1511 eigener, Popcke sels bewenne de state yn 1540. Troch it netwurk fan freonen en sibben fan Viglius krigen ferskate Montzima's oansjenlike funksjes yn Utert. Yn 1640 wienen dy Monsmas ta Utert eigeners fan de state.
Yn 1720 wurdt Monsmastate bewenne troch jonkhear H.D.E. fan Aylva, famylje fan de destiidske bewenners fan Unemastate noardlik fan de tsjerke fan Blije.

Under in tekening fan J. Stellingwerf út 1723 dy't Monsmastate foarstelle soe stiet dat de eigener Hessel Douwe Ernst fan Aylva is. Hessel wie lykwols gjin eigener fan Monsmastate en it is dan ek goed mooglik dat dizze ôfbylding net fan Monsma mar fan Unemastate is. De tekening toant in ienfâldich hûs tusken trepgevels en mei mar ien skoarstien op in omgrêfte terrein. Nei alle gedachten leit de oarsprong fan it hûs yn in midsiuwske sealstins. Neffens Algra soe dizze state boud wêze yn 1588. Dat jiertal kaam yndie foar op in wapenstien yn de tagongspoarte. Sjoen it ienfâldige en midsiuwsk oandwaande karakter fan dy poarte sil dat grif in grutte opknapbeurt west hawwe. Dizze trepgevels en de gruttere ramen sille om 1588 oanbrocht wêze om de folsleine ienfâld fan it hûs wat 'op te tsjepjen' De oerbleaune smelle raamkes en de nis boppe de doar dogge lykwols noch typysk midsiuwsk oan. Ek de grêft soe yn 1588 groeven wêze, mar mooglik hat dit mar in ferbreding west fan in besteande grêft.

Bebouwing Monsmastate

Op de kaart fan Schotanus fan 1718 wurdt it hûs binnen singels ôfbyld, tusken it doarp en de pleats. Yn 1832 wie it hûs ôfbrutsen, de grêft tichtsmiten en stie der allinnich de pleats. It grutste part fan hoarnleger fan Monsmastate wie doe eigendom fan Amelia Gerardina de Schepper, frou fan jonkhear. T.A.M.A. van Andringa de Kempenaer. In diel fan it stateterrein tsjin de tsjerketerp oan wie hjirfan ôfsplitst en eigendom fan de tsjerke, dêr't in grut hûs, mooglik de pastorije boud wie.

Bewenners
  • 1511 Take Monthiema
  • 1540 Popcke Takes Monthiema
  • 1640 'die Monsma tot Utrecht'
  • 1720 H.D.E. fan Aylva
  • 1832 Amelia Gerardina de Schepper

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel
  • Stinzen yn Fryslân