Monarchflinter

Ut Wikipedy
Monarchflinter
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymhalidae)
soarte
Danaus plexippus


De Monarchflinter (Danaus plexippus) is in soarte yn it skaai fan de Danaus.


Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De monarchflinter hat mar in pear populaasjes yn it suden fan Jeropa. Hy is ferneamd wurden om syn trekneigingen en kin as seldsume gast yn de kuststreken fan noardwest-Jeropa sjoen wurde. De populaasjes lizze op waarme oant tige waarme drûge plakken lykas eroazjslinken. De flinter komt ek wol foar yn tunen en parken. De populaasjes binne lyts en lizze temidden fan lânbougebieten. Se wurde mei útstjerren bedrige troch it gebrûk fan herbisiden en insektisiden, brânen en it stoarten fan ôffal.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fleant fan begjin april oant ein septimber. Se fleane yn ferskillende generaasjes.

De rûp.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Spanje wurde aaikes ôfsetten op de Ascepias curassavica, op de Kanaryske Eilannen ek op de Gomphocarpus fruticosus. De flinters plantsje harren yn meardere generaasje fuort.


De rûp fan de Monarchflinter

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]