Springe nei ynhâld

Mokka (Jemen)

Ut Wikipedy
Mokka
Bestjoer
Lân Jemen
Gûvernemint Ta'izz
Sifers
Ynwennertal 10.146 (2012)
Hichte 13 m
Oar
Tiidsône Standerttiid Jemen UTC+3
De Grutte Moskee fan Mokka út de 15e iuw

Mokka (Arabysk: المخا, Al-Mokha of Al-Mukha) is in havenstêd yn Jemen, oan de Reade See, ferneamd om de kofjesoarte mokka dy't nei de stêd neamd is en hjir fanâlds ferhannele waard. De stêd hie 10.355 ynwenners yn 1994. Yn 2005 waard it ynwennertal op 14.562 rûsd. Twa kilometer besuden Mokka wurdt in yndustryhaven oanlein. Der is in bytsje grinsferkear mei boaten op Dzjibûty.

Mokka waard stifte yn de 14e iuw. Fan de 15e oant de 17e iuw wie Mokka it meast wichtige hannelsplak foar kofje yn de wrâld. Ek no noch binne mokka-kofjebeannen ferneamd om har sterke, kakao-ige smaak. De Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC) hie in faktorij (hannelspost) yn Mokka, lykas ek de Britten, Frânsen en Denen.

De stêd wie yn hannen fan it Ottomaanske Ryk oant it yn 1636 in ûnôfhinklike steat waard. De Ottomanen besetten de stêd wer fan 1849 oant 1918.

Mokka hie in monopoalje op de koffiehannel oant de VOC ein 17e iuw kofjeplantsjes Jemen útsmokkede en sels úteinsette mei it kweken fan kofje op Java. Mei de opkomst fan de kofjeplantaazjes yn Aazje en Súd-Amearika begûn de delgong fan de stêd. De Spaanske Jezuïtemisjonaris Pedro Páez soe yn 1595 de earste Europeaan west hawwe dy't Mokkakofje preau yn it plak sels. Yn 1839 brochten de Britten har regionale haadkertier fan Mokka nei Aden oer, oare Europeeske lannen folgen har foarbyld.

Oant yn de 19e iuw tsjinne Mokka as haven fan de Jemenityske haadstêd Sanaa. Hjoeddeis hat Mokka as haven net folle mear te betsjutten, en hat Aden de rol fan wichtiste haven fan Jemen oernaam. De pleatslike ekonomy moat it no hawwe fan fiskerij en in lyts bytsje toerisme.

  • Hans Becker, Volker Höhfeld, Horst Kopp: Kaffee aus Arabien. der Bedeutungswandel eines Weltwirtschaftsgutes und seine siedlungsgeographische Konsequenz an der Trockengrenze der Ökumene, Wiesbaden, 1979
  • C. G. Brouwer: Al-MUKHA. Profile of a Yemeni Seaportas Sketched by Servants of the Dutch East India Company (VOC) 1614-1640. D'Fluyte Rarob, Amsterdam 1997. ISBN 90-800267-6-X. Bokomtale: Yemen Reviews
  • Eric Macro: The Topography of Mocha. yn: Proceedings of the Seminar for Arabian Studies, Fol. 10. (Proceedings of the Thirteenth Seminar for Arabian Studies held at the Middle East Centre, Cambridge op 25 – 27 july 1980) 1980, s. 55–66
  • Nabil Osman: Kleines Lexikon deutscher Wörter arabischer Herkunft. Beck, München 2002, s. 91, ISBN 3406475841
  • Nancy Um: Spatial Negotiations in a Commercial City: The Red Sea Port of Mocha, Yemen, during the First Half of the Eighteenth Century. Yn: Journal of the Society of Architectural Historians, Vol. 62, No. 2, Juny 2003, s. 178–193


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Encyclopedia Britannica