Moarmerein
moarmerein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerkje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Marmaronetta angustirostris | ||||||||||||
Ménétries, 1832 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De moarmerein (Marmaronetta angustirostris) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De moarmerein komt foar yn Súd-Europa, it Midden-Easten en it Súdwest-Aazje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmerein is in 39 oant 42 sm lange ein mei in spanwiidte fan 63 oant 70 sm. De ein is ljochtbrún mei wyteftige flekken oer it hiele bealchje en in donkere flek op 'e sydkant fan 'e kop om it each hinne. De wjukken binne lang en hawwe gjin spegel (speculum), de snaffel is lang, tin en swart. De sturt is ek lang en de poatsjes binne swart. It jerkje is te werkennen oan 'e langere fearren oan 'e ûnderkant fan syn kop, krekt as begjint dêr in toefe. It wyfke hat op 'e basis fan 'e snaffel in griene flek en gjin langere fearren efter op 'e kop.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein libbet yn it suden fan Europa, dielen fan it Midden-Easten en dielen fan Noard-Afrika.
Yn 'e briedtiid sitte se by en op ûndjippe, lytse dobben mei in soad begroeiing oan 'e kant en ûnderwetterplanten of op rêstige rivieren yn in fierder drûge omjouwing.
Yn Nederlân is de moarmerein in dwaalgast.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmerein briedt allinne of yn lytsere groepkes yn strûken by in mar of in dobbe, somtiden ek yn dridzich gerslân. It wyfke leit yn juny of july 7 oant 12 giel- oant brúneftige aaien, dy't yn 25-27 dagen troch it wyfke útbret wurde. Jerkjes foarmje dan groepkes en ferfearje en nimme it brieden somtiden eefkes fan 'e wyfkes oer. By it driigjen fan gefaar fleant it jerkje mei in soad leven om 'e fijân hinne. As de aaien útkomme, bringt it wyfke se nei it wetter en fersoarget se oant se fleane kinne.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmereinen ite planten, sied en wringeleaze wetterdierkes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje nimt al in skoft ôf en wurdt op 10.000-42.000 yndividuën rûsd (opjefte 2023). De moarmerein hat te lijen fan biotoopferlies as gefolch fan it oanmeitsjen fan lânbougrûn. Ek brûkt de lânbou yn it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel in soad wetter út de gebieten dêr't de moarmerein libbet, lykas dat it gefal is mei it Nasjonaal park Doñana.
De moarmerein is yntusken al yn Syprus, Noard-Masedoanje, Kaapverdje en it grutste diel fan Turkije útstoarn.[1] De fûgels is dêrom as gefoelich op 'e Reade list fan 'e IUCN opnommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Einfûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Ruslân
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Koeweit