Springe nei ynhâld

Mirakel fan Amsterdam

Ut Wikipedy
It Mirakel fan Amsterdam (1555).

It Mirakel fan Amsterdam wie in eucharistysk wûnder, dat neffens de tradysje op 15 maart 1345 yn Amsterdam barde. It wûnder makke fan Amsterdam in stêd mei in rike beafeartstradysje mei as sintrum de kapel, dy't op it plak fan it wûnder tusken de Kalverstraat en it Rokin neitiid boud waard.

It weismiten fan it spui yn 'e hurd (lofts) en it de betsjinning fan it lêste sakramint (rjochts).

Op 15 maart 1345 krige de stjerrende Ysbrant Dommer by de betsjinning fan 'e lêste sakraminten fan 'e pastoar in hosty. Mar mei't de sike man it iten dat er hân hie neitiid útspuide, spuide er ek de hosty út. Lykas foarskrift fan 'e Tsjerke moast de hosty ferbaarnd wurde en sadwaande smiet syn frou it spui mei it sakramint yn 'e hurd. Mar de hosty bleau boppe it fjoer sweven en de oare deis die bliken dat de hosty net ferbaarnd wie en noch yntakt yn 'e jiske lei.

De hosty waard nei de Sint-Nikolaastsjerke (tsjintwurdich de Alde Tsjerke) brocht, mar in dei letter wie deselde hosty op wûnderbaarlike op it âlde stee werom. Dat barde dêrnei noch twa kear. Foar in soad minsken wie dat in teken fan God dat de hosty net yn 'e doetiidske paochytsjerke, mar op dat hillige stee mei in eigen kapel fereard wurde moast.

Dat de hosty oant twa of trije kear werom gie nei it âlde plak foarmet gjin ûnderdiel fan de âldste tekst oer it ferhaal. It is in lettere tafoeging om it ferhaal wat moaier te meitsjen.

Kapel fan it Hillig Stee.

Al gau erkende de biskop fan Utert it wûnder. Op it plak fan it hûs fan 'e stjerrende man waard in grutte beafeartstsjerke, de Kapel fan it Hillige Stee, boud.

Yn 'e 14e en 15e iuw groeide Amsterdam út ta in belangryk beafeartsplak mei alle jierren grutte sakramintsprosesjes. Foar katoliken wie it wûnder it bewiis, dat nei de konsekraasje de hosty feroare yn it lichem fan Kristus sels en yn 1504 befêstige ek de doetiidske paus de ferearing. Under de pylgers wiene ek wichtige minsken, lykas yn 1482 Maksimiliaan fan Eastenryk, de lettere keizer fan it Hillige Roomske Ryk nei wa't de Keizersgracht ferneamd waard. Nei't er in earnstige sykte oerlibbe brocht er as pylger in besite oan Amsterdam en bejeftige er rynsk de kapel mei weardefolle geskinken. Ek joech de keizer wat letter de stêd tastimming om de keizerskroan yn it wapen op te nimmen.

Mei de ôfsetting fan it katolike stedsregear op 26 maaie 1578 kaam der tige hommels in ein oan dy beafeart. De Kapel fan it Hillige Stee waard beset troch protestanten en it rike ynterieur, dat yn 'e rin fan 'e beafeart opboud wie, gie hielendal ferlern. De kapel waard tenei Nieuwezijds Kapel neamd en de hurd fan it mirakel waard yn 1624 ôfbrutsen. Katoliken moasten harren missen yn skûltsjerken fiere en foar de ferearing fan it Mirakel waard tenei de Begynhôfkapel brûkt.

De midsiuwske Kapel fan it Hillige Stee waard ûnder protest fan katoliken en fertsjintwurdigers út it kulturele fermidden yn 1908 yn opdracht fan 'e Nederlânsk Herfoarme gemeente ôfbrutsen. Op it plak kaam in gebouwekompleks mei in nije herfoarme tsjerke en winkels oan 'e Kalverstraat en de kant fan it Rokin.

Prosesjeliet fan Petrus Johannes Arendzen (1846-1932).

Yn 'e 19e iuw kaam de Mirakeldevoasje wer stadichoan op gong. Nei't de Amsterdammer Joseph Lousbergh it krekte midsiuwske prosesjepaad ûntduts, sette in begjin fan 'e Stille Omgongtradysje útein. It hichtepunt fan de Stille Omgong wie yn it jier 1956, doe't 80.000 dielnimmers yn trije nachten it prosesjepaad rûnen. Sûnt de jierren 1960 naam it tal dielnimmers oan 'e Stille Omgong troch de tanimmende ûnttjerkliking, mar de omgong wurdt noch alle jierren organisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Mirakel van Amsterdam