Minnistetsjerke (Surhústerfean)
Minnistetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Surhústerfean | |
adres | Gedempte Feart 23 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 09' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Minnisten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1804 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7049 | |
Webside | ||
Side doopsgesinde gemeente | ||
Kaart | ||
De Minnistetsjerke is de fermanje fan de doperske gemeente yn Surhústerfean. De Feanster fermanje is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al gau nei't it ûntstean fan Surhústerfean ûntstie der ek in minnistegemeente. Oant 1800 is der net in soad bekend oer de gemeente, mar de tsjerke dy't yn 1804 in gebou út 1685 ferfong wie de tredde fermanje fan de Feanster gemeente. Wêr't de earste en de twadde fermanje yn Surhústerfean stien ha is ûnbekend. Oan de tsjerke waard yn 1865 in konsistoarje en pastory boud.
Om't der te min plak wie yn de tsjerke folgen der yn 1911 tagelyk mei in restauraasje mear banken en in kreake. Yn 'e selde tiid waard ek in harmoanium oanskaft, dy't it wurk fan de foarsjongers oernaam.
Troch benammen it fersakjen moasten de tsjerke en de pastory yn 1950 op 'e nij restaurearre wurde. Yn 1970 waarden de banken ferwidere en ferfongen troch stuollen. Mear restauraasjes folgen yn 1989, 2001 en 2004. De tsjerke en de pastory waarden fan inoar skieden en yn de tsjerke kaam in flier dy't los fan de muorren leit. Ek it koepeltsje waard renovearre.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienmanualige piipoargel waard yn 1980 oanskaft. It ynstrumint waard yn 1975 troch Klaus Becker boud en hat fjouwer registers. It Grinslânske oargelbedriuw Mense Ruiter soarge foar de opbou yn de tsjerke.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|