Minnemastins
De Minnemastins wie in stins by Jirnsum yn de gemeente Boarnsterhim.
De stins waard al neamd yn 1461. Yn 1448 trede Walthia Mynnama op as tsjerkefâd fan Jirnsum. As Walka Mynnaz segele hy yn 1460 mei Doeke Albadama. Yn 1461 waard dat steenhuis toe Yrnsum dat de soan fan Wattya Minne tehearde troch Botte Eeses, sweager fan de Fetkeaper fjochtersbazen Donia, ynnomd. Hy liet it begraven ende beboluercken en gie der yn wenjen. Neidat de Doania's har mei de Skieringers fersoene hienen, ûndernommen de Doania's yn 1463 fanút dit hûs aksjes tsjin it stienhuis fan de Fetkeaper Jancke Douwama yn Jirnsum, namen it yn, ferwoasten it en ferdreaunen Jancke út Jirnsum. Yn de hjerst wist Jancke Douwema Botte Eeses' hûs - dus Minnema - te feroverjen; hy soe der lange tiid op wenjen bliuwe.
Yn 1479 wie Walthia (Watka, Watse) ferstoarn. In soan fan him, Lambert Watkez, waard doe fersoarge yn it kleaster Hasker Konvint. Walthia syn oare erfgenamten - Mynne Watkaz yn Wargea en de skoansoannen Godfriond Jellez Ziarda yn Menaam en Hans Hokez (Gauma) te Aldeboarn- seagen om dit te bekostigjen ôf fan in diel fan de erfenis.
Oft Watse Minnes of syn erfgenamten it stienhûs werom krigen hawwe, is net bekend. Wòl hie Hans Hokez syn soan Watthie Hanses yn 1511 rjocht op in grûnrinte yn Jirnsum en bewenne dy syn soan Siger Watses yn 1543 "Syger Watyesz" Minnema zaete dy syn soan Aede Sygers wie yn 1580 tsjerkefâd fan Jirnsum) , grif de state fan syn oerpake Walthia Mynnama. De krekte lizzing fan Minnema stienhûs is noch net bekend.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1448 Walthia Mynnama
- 1461 Botte Eeses
- 1463 Jancke Douwama
- 1543 Syger Watyes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|