Springe nei ynhâld

Minne Endstra

Ut Wikipedy

Minne Endstra (Amsterdam, 23 augustus 1901 - dêre, 19 augustus 1971) wie in súksesfol Nederlânsk sakeman.

Minne Endstra wie de tredde soan fan Wypke Endstra (1875-1933) en Cornelia Catharina Gerbehij (1875-1937). Syn âlden hienen in winkel yn glês- en ferveguod en wennen oant harren dea op de Beukenweg 12 ien heech yn Amsterdam-East. Minne syn pake-en-beppe Simon Endstra (1845-1911), fan berop timmerman, en Popkje van der Werf (1843-1941) wienen midden jierren '70 fan de 19e iuw út Snits wei nei Amsterdam ferhuze om dêr in better bestean te finen.

Minne Endstra wie yn it earstoan hannelsreizger yn glês- en ferveguod en troude op 28 april 1927 yn Amsterdam mei Judith Sophia Eduardus Vaz Dias (1899-1981), in Joadske keapfrou, en hja krigen twa soannen dêr't de jongste fan, Willem, al op 16-jierrige leeftiid stoar. Hoe't de húshâlding oan de joadeferfolging ûntkomd is, is net bekend. Minne wenne yn it earstoan op de Nieuwe Achtergracht 25 en nei de Twadde Wrâldoarloch yn de Andreas Bonnstrjitte 13 yn Amsterdam. De lêste desennia wennen se op de Apolloleane 109.[1]

Minne Endstra wie oprjochter en direkteur fan de N.V. Minne Endstra Masine- en Apparatefabryk MEA. Teffens wie hy ferhierder fan spoarwagons. It bedriuw bestiet noch altyd ûnder de namme Armita Nederlân B.V.

Minne Endstra en Judith Sophia Eduardus Vaz Dias wienen de pake-en-beppe fan de bekende ûnreplik guodmagnaat Willem Endstra.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: