Minimalisme (arsjitektuer)
Minimalisme yn de arsjitektuer stribbet dernei gebouwen te beheinen ta de needsaaklike eleminten.
De streaming minimalisme stiet foar it minimalistyske, it suver abstrakte en objektive, sûnder emoasje. Minimalisme makket faak gebrûk fan kubus-, bol-, silinder-, en kegelfoarmen. It giet hjirby om de krêft fan it ienfâldige. Troch it "krêftich" delsetten fan wat in "ienfâldige" foarm liket, besiket de arsjitekt de “essinsje” fan syn ûntwerp út te byldzjen.
It minimalisme ûntstie oan it begjin fan de jierren sechtich fan de 20e iuw, yn de Feriene Steaten. It begjin fan de minimalistyske streaming sette útein yn de byldhoukeunst en mingde him letter mei de skilderkeunst (bygelyks Piet Mondriaan). Der ûntstie ek in minimalistyske muzykstreaming (ûnder oaren komponist Steve Reich). Yn de arsjitektuer gie it net sa hurd.
Claudio Silvestrin, John Pawson, Peter Zumthor en Alberto Campo Baeza hawwe it minimalisme yn de arsjitektuer oantrune en grutte feroarings in de boukeunst feroarsake. Op it mêd fan de arsjitektuer waard de namme Minimalisme brûkt, om de werûntdekking fan de wearde fan lege romte en in radikale ferwidering fan alles dat neat mei it easkeprogramma te krijen hat blike te litten.