Mingde stêden

Ut Wikipedy
Nof HaGalil, in mingde stêd njonken de Israelysk-Arabyske stêd Nazaret

Mingde stêden (Hebriuwsk: ערים מעורבות, arim me'oravot; Arabysk: المدن المختلطة, al-mudun al-mukhtalita) binne yn Israel acht stêden dy't frijwat in grut tal Israelyske Joaden en Arabieren befetsje. De mingde stêden wurde troch it Israelysk Sintraal Buro foar de Statistyk sa definiearre at mear as 10% fan de befolking as Joad registrearre is en mear as 10% a Arabier registrearre is.

De mingde stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In synagoge en in tsjerke yn Lod

Sân Israelyske stêden wurde oanmurken as mingde stêden. Likernôch 10% fan de Arabyske boargers fan Israel wenje yn dy sân stêden:

De achtste stêd is Jeruzalim, dêr't it Arabysk part fan dy stêd, East-Jeruzalim, troch Israel anneksearre is, mar net neffens ynternasjonale wet erkend is.

De acht stêden binne suver de iennige plakken yn Israel dêr't Joaden en arabieren meiïnoar libje. Bûten dy stêden binne der amper plakken mei in mingde befolking.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mingde stêden yn 1944

Yn de iere njoggentjinde iuw hiene allinnich Jeruzalim, Safed en Tibearias in reedlike Joadske minderheid dy't tusken in Arabyske mearderheid wennen. Dy minderheden woeksen út ta wol de helte fan de befolking fan dy stêden by it begjinnen fan it Britske mandaat oer Palestina. Dêrnei kamen der Joadske migraasjes en delsettings yn de bûtengebieten fan Jaffa, dêr't it bûtengebiet fan letter bekend waard as Tel Aviv, en Haifa. Nei de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 flechten Palestynske Arabieren út Safed en Tibearias wei dy't dêrnei fannijs folslein mei Joaden befolke waarden. Jeruzalim waard ferparte yn in Joadsk West-Jeruzalim en in Palestynsk Arabysk East-Jeruzalim. Fan dy oarspronklike mingde stêden is allinnich Haifa noch in mingde stêd. Nei 1948 bleaune der lykwols 3.000 fan de 70.000 Palestynske Arabieren yn Haifa. Dy oerbliuwende Arabieren waarden yn lytse buerten twongen troch de Israelyske autoriteiten. Hjoed-de-dei bestiet de befolking fan Haifa noch foar 12% út Palestynske Arabieren.

Ramla, Lod en Akko waarden mingd as it gefolch fan de Palestynske eksodus fan 1948. Dy stêden hiene foar 1948 in befolking fan 100% Palestinen, mar neitiids flechten in soad Palestinen en waarden se ferfongen troch Joaden.

De stêden Nof HaGalil en Ma'alot- Tarsjiha waarden mingd troch de ynstream fan Palestinen en in gemeentlike weryndieling. Yn Nof HaGalil bestiet de befolking út krapoan 30% Arabieren, mar de gemeente wegere de bou fan tsjerken, moskeeën of Arabysktalige skoallen.

Yntegraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begryp "mingde stêden" moat lykwols net betiisd wurde mei multykulturele stêden, dêr't gauris sosjale yntegraasje is, dêr't by mingde stêden net alhiel sprake fan hoecht te wêzen. Earder is der noch hieltyd sprake fan geografyske en sosjale skieding tusken de mienskippen yn de acht stêden. De measte Arabieren yn de mingde stêden wenje yn Arabyske wiken en ûndersyk hat sjen litten dat der in frij grut ferskil yn lykweardigens tusken de twa mienskippen bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige side; sjoch foar boarnen op en:Mixed cities