Springe nei ynhâld

Israelyske Joaden

Ut Wikipedy
Guon ferneamde Israelyske Joaden

Israelyske Joaden of Joadske Israeliërs (Hebriuwsk: יהודים ישראלים, Yehudim Yisre'elim) binne Israelyske boargers dy't etnyske Joaden of folgelingen fan it Joadendom binne. Dat begryp ferwiist ek nei Israeliërs om utens. Njonken Samaritanen en de Joadske diaspora bûten Israel foarmje de Israelyske Joaden de hjoeddeistige neikommelingen fan de Israeliten fan de Aldheid. Hja wenje benammen yn Israel en de Westerske wrâld en yn lytsere tallen yn oare lannen. Fierwei de mearderheid fan de Israelyske Joaden praat Hebriuwsk, in Semityske taal as harren lânseigen taal. Israel, de Joadske steat, is it iennige lân mei in mearderheid dy't út Joaden bestiet en dêr't de helte fan de Joaden an de gânse wrâld wenje.

De Joadske befolking fan Israel bestiet út mienskippen ôfkomstich fan de Joadske diaspora, lykas de Asjkenazyske joaden, de Sefardyske joaden, Mizrahyske joaden, Falasja's, Kotsjin-joaden, Karaïten, Jemenityske en Yndyske joaden en in soad oaren. De Israelyske Joadske mienskip hâldt fêst oan in wide omfieming fan Joadske tradysjes en religy fan de Charedim, dy't in otterdokse foarm fan it joadendom is, oant de hilonim dy't in sekuliere libbestyl der op nei hâldt. Mear as 50% fan de Israelyske befolking is fan in mingd Sefardysk/Mizrachysk komôf.

Neffens it Israelyske Sintraal Buro foar de Statistyk bestiet de Israelysk Joadske befolking yn desimber 2017 út 6.556.000 minsken, dy't 74,6% fan de totale befolking fan Israel beslacht, mei de befolking fan East-Jeruzalim en de Golanhichte ynbegrepen.

Neffens in ûndersyk yn 2008 troch it Israelysk Demokrasy Ynstitút beskôget 47% fan de Israelyske Joaden harren earst as Joadsk en twad as Israeliër. Likernôch 39% beskôget him earst Israeliër.

Joaden dy't foar it foarmjen fan de steat Israel yn 1948 yn Palestina, hjoed-de-dei Israel en de Palestynske kriten, waarden as "Palestynske Joaden" oantsjut, as ferwizing nei it Britske Mandaatgebiet Palestina. Yn it Hebriuwsk waarden se oantsjut as HaYishuv HaYehudi Be'Eretz Yisra'el itjinge "De Joadske mienskip yn it Lân fan Israel" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jewish people of Israel fan Wikimedia Commons.