Springe nei ynhâld

Militêre akademy

Ut Wikipedy
De Keninklike Militêre Akademy yn Breda.

In militêre akademy is in militêre ynstelling foar heger ûnderwiis dêr't de studinten oplaat wurde ta ofsier yn 'e kriichsmacht. Studinten oan in militêre akademy wurde kadetten neamd. Nei harren ôfstudearjen krije se de militêre rang fan twadde luitenant of (allinnich by de marine) luitenant-op-see 3e klasse. In militêre akademy kin ofsieren opliede foar ien beskaat ûnderdiel fan 'e kriichsmacht (lânmacht, marine of loftmacht), mar it komt ek foar dat op sa'n ûnderwiisynstelling ofsieren foar alle kriichsmachtûnderdielen oplaat wurde.

Yn Nederlân wurde ofsieren fan 'e Keninklike Lânmacht, de Keninklike Loftmacht en de Keninklike Maresjesee oplaat oan 'e Keninklike Militêre Akademy (KMA) yn Breda. Ofsieren fan 'e Keninklike Marine en it dêrûnder ressortearjende Korps Mariniers ûntfange har oplieding oan it Keninklik Ynstitút foar de Marine (KIM), yn De Helder.

Yn 'e Feriene Steaten wurde ofsieren fan it Amerikaanske Leger oplaat oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point, ofsieren fan 'e Amerikaanske Marine oan 'e Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis, en ofsieren fan 'e Amerikaanske Loftmacht oan 'e Amerikaanske Loftmachtakademy yn Colorado Springs.

Oare bekende militêre akademys binne de Britske Keninklike Militêre Akademy Sandhurst en de Frânske Spesjale Militêre Skoalle fan Saint-Cyr.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.