Militêr Gesach (1944-1946)
It Militêr Gesach wie it deistich bestjoer fan de yn 1944 en 1945 befrijde parten fan Nederlân út namme fan de Nederlânske regearing yn Londen oant de oerdracht fan de gebieten oan it regear.
It Nederlânsk regear yn Londen foarseach grutte bestjoerlike swierrichheden nei de befrijding fan Nederlân. Dêrom waard it bestjoer by wet oan it foar dat doel oprjochte Militêr Gesach opdroegen. De juridysk ûnderleine generaal-majoar mr. H.J. Kruls waard Sjef fan de stêf fan it Militêr Gesach. Keninginne Wilhelmina hie útsteld dat har skoansoan Prins Bernhard dy funksje beklaaie soe, mar de ministerried gie oan har winsk foarby. It Militêr Gesach waard op 14 septimber 1944 oprjochte en op 4 maart 1946 ûntbûn. Kruls wie yn dy hiele perioade Haad fan it Militêr Gesach.
De organisaasje krige in protte krityk en waard, nei it haad, wol 'Sirkus Kruls' neamd[1], of 'Malle Gevallen' - ûntliend oan de ôfkoarting MG en de roman Malle Gevallen (1913) fan Hans Martin, dy't yn 1934 ferfilme wie.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Militair Gezag fan Wikimedia Commons. |