Militêr
In militêr is in persoan dy't wurk docht yn tsjinst fan in kriichsmacht fan in erkende steat, meastal it heitelân.
As in boppeneamd persoan net yn tsjinst is fan een erkende steat, is sprake fan in hiersoldaat, strider, rebel en yn guon gefallen sels fan in terrorist; organisaasjs mei sokke persoanen hjitte meastentiids milysje.
Ta ûnderskied wurde net-militêren as boarger oantsjutten. Der is in griis gebiet tusken militêr en boarger, dêr't de Geneefske Konvinsjes dúdlikheid oer besykje te jaan.
As in militêr him frijwillich oanmelden hat is it in beropsmilitêr. As se ta militêre tsjinst ferplichte binne troch harren nasjonale wetjouwing, is sprake fan in tsjinstplichtige.
Elke Nederlânske militêr falt ûnder de Nederlânske kriichstucht.
Militêr kin (as eigenskipswurd) ek "fan de kriichsmacht" betsjutte.
Froulike militêren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de measte westerske lannen binne der manlike én froulike militêren. De Nederlânske loftmacht hat al sûnt 1 novimber 1951 froulike militêren yn tsjinst yn de Luva, de Loftmacht Frouljusôfdieling. Ek oare kriichsmachtdielen hienen soksoarte frouljusôfdielings Milva, de Militêre Frouljusôfdieling en Marva, de Marine Frouljusôfdieling. Dizze ôfdielings waarden op 1 jannewaris 1982 formeel opheft en giene folslein op yn de betreffende kriichsmachtûnderdielen.
Tsjintwurdich hearre froulju likegoed as manlju ta it definsjepersoneel fan it Nederlânske leger. Yn wervingskampanjes wurde ek froulju oansprutsen. Hjirmei fiert Definsje it troch de oerheid ferplicht stelde diversiteitenbelied út. Sa soe it leger in bettere ôfspegeling fan de maatskippij foarmje. Ek minsken mei in net-Nederlânske eftergrûn wurde oanlutsen foar in funksje yn it Nederlânske leger.
Militêre hiërarchy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De militêre hiërargy wurdt ûnderferdield yn kategorieën.
- De heechste kategory is dy fan de offisieren dy't wrr ûnderferdield binne yn trije subkategoryen,
- De middelste kategory: ûnderoffisieren.
- De leechste kategory is dy fan de manskippen
Rangen en stannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch List fan militêre rangen fan de Nederlânske Kriichsmacht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |