Springe nei ynhâld

Milaan

Ut Wikipedy
Milaan
Dom fan Milaan
Dom fan Milaan
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Lombardije
Provinsje Milaan
Sifers
Ynwennertal 1.317.882 (juny 2010)
Oerflak 183.77 km²
Befolkingsticht. 7.171/km²
Hichte 120 m
Oar
Stifting 600 f.Kr. (Kelten)
222 f.Kr. (Romeinske ferovering)
Koördinaten
Offisjele webside
City of Milan – Virtuele omgong

Milaan – offisjeel webstee

Lizzing fan Milaan

Milaan (Italjaansk: Milano, West-Lombardysk: Milan) is de twadde stêd fan Itaalje en de wichtichste yn Noard-Itaalje. De namme komt fan it Latynske Mediolanum wat betsjut "yn de midden fan de flakte" en dat ferwiist nei it feit dat de stêd yn de midden fan de Poflakte leit. De stêd leit noardeastlik fan Turyn en bewesten Ferona.

Milaan is ek haadstêd fan de Italjaanske regio Lombardije. Teffens is it haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. Yn de stêd wenje om-ende-by 1,3 miljoen minsken, mar de bewenners fan de stêdekloft derom hinne der by rekkene komt dat wol op fjouwer miljoen.

Milaan is de wichtichste sakestêd fan Italië. De Italiaanske beurs is dêr bygelyks fêstige, lykas it útstallings- en beursterrein Fiera Campionario. Grutte bedriuwen yn of by Milaan binne Alfa Romeo en Pirelli.

De "Via Dante" mei de Castello Sforzesco yn Milaan

Wichtige âlde gebouwen yn Milaan binne it Castello Sforzesco, boud ûnder de hartoggen fan de famylje Sforza, de Dom fan Milaan, dêr 't de bou fan yn totaal fiif iuwen duorre, de oan Ambrosius, beskermhillige fan Milaan, wijde Sant Ambrogio-basilyk en it kleaster Santa Maria delle Grazie, dêr 't da Vinci's ferneamde muorreskildering fan It Lêste Nachtmiel is.

Njonken Parys, New York en Londen is Milaan ien fan de wichtichste moadehaadstêden fan 'e wrâld mei in moade-, klean - en tekstylyndustry mei in soad tradysjes. In protte bekende Italiaanske moademerken lykas Armani, Dolce & Gabbana, Gucci, Prada, Valentino en Versace binne yn de stêd fêstige. In bekende winkelstrjitte is Fia Monte Napoleone. Twa kear yn it jier wurdt dêr de Milan Fashion Week hâlden, in wichtich evenemint yn de ynternasjonale moadewrâld.

Milaneeske koken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan Milaneske cuisine binne risotto alla Milanese, in riisgerjocht, panettone, in fruchtecake, de cotoletta a la Milanese, in panearde kealleschnitzel, en de ossobuco (kealleskinkel). It Milaneske delikatessewarehûs Peck's is wrâldferneamd.