Springe nei ynhâld

Miehlen

Ut Wikipedy
Miehlen
Protestantske Nikolaastsjerke (koer 2e helte 13e iuw, barok skip en .útwreiding yn 1924.)
Protestantske Nikolaastsjerke (koer 2e helte 13e iuw, barok skip en .útwreiding yn 1924.)
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringRhein-Lahn-Kreis
ferbânsgemeenteNastätten
Sifers
Ynwennertal2.064 (31.12.2023)
Oerflak15,01 km²
Befolkingsticht.138 ynw./km²
Hichte217 m
Oar
Postkoade56357
Koördinaten50° 13' N 7° 49' E
Offisjele webside
www.miehlen.de
Kaart
Miehlen (Rynlân-Palts)
Miehlen

Miehlen is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It makket diel út fan 'e Rhein-Lahn-Kreis.

Miehlen is in saneamde Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Nastätten.

Johannes Bückler

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferneamste ynwenner fan Miehlen hat nei alle gedachten Johannes Bückler west (berne yn 'e hjerst fan 1779 yn Miehlen en ferstoarn op 21 novimber 1803 yn Mainz). Bückler hie de bynamme Schinnerhannes of Schinderhannes en wie in krimineel, dy't yn alle gefallen 211 misdieden op syn namme stean hie. Hy makke him fral skuldich oan stellerij, sjantaazje en rôfoerfallen, mar ek rôfmoard en moardzjen waarden bewiisd. Nei syn feroardieling waard Bückler ûnder grutte belangstelling fan it folk op 20 novimber 1803 mei 19 fan syn helpers troch de falbile yn Mainz eksekutearre. Yn it bertehûs fan Bückler oan 'e Hauptstraße 60 is in bibleteek ûnderbrocht, dat besocht wurde kin.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Miehlen fan Wikimedia Commons.