Springe nei ynhâld

Miedemûne

Ut Wikipedy
Miedemûne yn 2009

De Miedemûne is in poldermûne mear as 2,5 kilometer súdsúdeastlik fan it doarp Holwert, yn de gemeente Dongeradiel. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Miedemûne, in grûnsiler, waard yn 1855 boud foar de bemealling fan de polder Dwarsmear. Yn 1953 liet it bestjoer fan it Wetterskip Holwerter en Blijer Polder it yn har omgean om de mûne te meganisearjen. Al waard dit him net, yn 1961 waard op de fizel fan de mûne wol in elektryske helpmotor oanbrocht. De mûne waard restaurearre yn 1966. Neidat hy yn 1976 eigendom wurden wie fan de Stifting De Fryske Mole barde dat nochris yn 1978 en 1994. Yn 2004 krige de mûne in nije stielen skroef. De Miedemûne waard yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]