Springe nei ynhâld

Middelbere Lânbouskoalle

Ut Wikipedy

De Middelbere Lânbouskoalle wie in foarm fan beropsûnderwiis út de tweintichste iuw. Op it hichtepunt hie Fryslân fjouwer middelbere lânbouskoallen.

Lânbouûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ‘Maatschappij van Weldadigheid’ naam yn 1823 it inisjatyf om in lânbouskoalle te begjinnen yn Wateren. It "opvoedingsinstituut voor den landbouw" die wol in tal lânboukundige proeven mar it waard nea in modelskoalle, mei omdat der gjin learlingen fan bûten oannomd waarden. Yn 1860 waard it ‘Instituut voor de Landbouw’ opheft.

Yn 1863 waard de Wet fan Thorbecke op it middelber ûnderwiis oannomd. De wet regele it ûnderwiis op de destiidske hegere boargerskoalle. De wet late ta de oprjochting fan trije agraryske skoallen yn Watergraafsmeer, Warffum (1870) en Wageningen (1872). It jild bleau foar de gemeenten en ynstellings lykwols in probleem sadat de lânbouskoallen yn Warffum (1874) en Haren (1871) ticht giene. It Ryk naam dêrom de Gemeentlike Lânbouskoalle en de Hegere Boarger Skoalle yn Wageningen oer en makke dy ta de lang winske Rykslânbouskoalle. De nije Rykslânbouskoalle waard op 18 septimber 1876 feestlik iepene.

Nei de lânboukrisis fan 1880 waard troch in kommisje ûndersyk dien nei de lânbou yn Nederlân. De minne steat fan de lânbou, it efterbliuwen fan de ûntwikkeling en te min fakkennis waarden as oarsaak sjoen. It late noch net ta de advisearre oprjochting fan winterskoallen en winterkursussen. Wol kaam it yn 1892 ta de beneaming fan in ‘Ynspekteur foar it middelber ûnderwiis, belêste mei it tafersjoch op de lânbouskoallen’.

Yn 1904 waard de Rykslânbouskoalle ferfongen troch fjouwer selsstannige ynrjochtingen, allegear yn Wageningen. Dizze skoallen waarden de Ryks Hegere lân-, Tún en Boskbouskoalle, de Rykslânbouskoalle, de Rykstúnbouskoalle en de Ryks Hegere Boarger Skoalle. De Ryks Hegere Lân-, Tún- en Boskbouskoalle krige yn 1918 it predikaat Lânbouhegeskoalle.

De Rykslânbouwinterskoalle yn Drachten

It regear makke yn 1893 jild frij foar de oanstelling fan rykslânbouleararen. De rykslânbouleararen waarden belêste mei de lânboufoarljochting, it hâlden fan foardrachten, it oplieden fan ûnderwizers foar de legere akten lân- en túnbouûnderwiis en it hâlden fan tafersjoch op de jûnkursussen foar lân- en túnbouûnderwiis. In tal rykslânbouleararen krige letter in taak as direksjelid fan lânbouwinterskoallen.

Foar 1893 wie allinnich sprake fan jûnskursussen, mei de oprichting fan de lânbouwinterskoallen kaam der ek deiûnderwiis. Nei de Earste Wrâldoarloch kamen de earste ‘legere lânbouskoallen’. De legere lânbouskoalle wie in fjouwerjierrige oplieding dy’t folge op it sânde jier fan de legere skoalle. It wie in parttime oplieding. Yn it earste jier waard twa dagen yn de wike nei skoalle gien en yn de dêrop folgjende jierren ien dei yn de wike. Nei acht jier leger ûnderwiis waarden learlingen daliks talitten ta de twadde klas.

Reorganisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1957 waard it ûnderwiis oan de Middelbere Lânbouskoalle en de Ryks Lânbouwinterskoalle reorganisearre. De Middelbere Lânbouskoallen giene fierder as Hegere Lânbou Skoalle, de Ryks Lânbouwinterskoalle waard ta Middelbere Lânbouskoalle.

List fan Middelbere Lânbouskoallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plak Fan Oant Adres Bysûnderheden
Ljouwert 1954 [1] 1987 Perkstrjitte
Vredeman de Vriesstrjitte
kristlik. De earste jierren waard lesjûn yn de eardere Skippersskoalle oan de Perkstrjitte by de Grutte Tsjerke.
Dokkum 1959 1990 Wâldwei kristlik
Drachten 1959 1990 Torenstraat 12 Ryks; H.J. Witteveen-skoalle waard AOC Fryslân
Snits 1959 1990 Lemmerwei 52 Kristlik; De Súdfinne waard AOC Fryslân

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Middelbare Landbouwschool gestart met 16 leerlingen, LC 5 oktober 1954