Michaelkatedraal (Izjevsk)

Ut Wikipedy
Sint-Michaelkatedraal

Свято-Михайловский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Oedmoersje
Izjevsk
koördinaten 56° 50' N 53° 12' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier Oarspronklik: 1897-1907
Weropbou: 2003-2007
sloopjier 1937
arsjitekt Ivan Tsjarûsjin
oare ynformaasje
hichte 67 meter
offisjele webside
Side fan de katedraal

De Michaelskatedraal (Russysk: Свято-Михайловский собор; Svjato-Michajlovski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn Izjevsk yn de Russyske Federaasje. De oan de aartsingel Michael wijde katedraal is in replika fan de ûnder Stalin ferneatige katedraal.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde katedraal

Oarspronklik lei op it plak in begraafplak mei in Trije-ienheidskapel, dy't yn 1810 ôfbaarnde. Yn 1855 waard de kapel ferfongen troch in grutte stiennen oan de aartsingel Michael wijde kapel. Yn 1876 waard der útein set mei it ynsammeljen fan jild foar in nije tsjerke op it plak fan de kapel. Yn 1893 namen de wurknimmers it beslút om 1% fan harren lean ôf te dragen foar de bou fan de tsjerke. It ûntwerp mocht de arsjitekt Ivan Tsjarûsjin. In betingst by de bou wie dat de nije tsjerke net grutter wurde mocht as de Aleksander Nevskikatedraal.

De earste Michaelkatedraal waard tusken 1897 en 1907 op de heechste heuvel fan de stêd boud. Yn dy tiid wie de katedraal ien fan de grutste gebouwen fan de stêd. De bou stie ûnder lieding fan Ivan Tsjarûsjin en koste doe 350.000 rûbel.

De hichte fan it neobyzantynske gebou wie 70 meter en dêrmei wie de katedraal it heechste gebou fan Izjevsk.

Nei de Oktoberrevolúsje namen de autoriteiten op 19 maart 1929 it beslút om de Michaelkatedraal, de Aleksander Nevskikatedraal en de Foarbeatsjerke te sluten foar de earetsjinst. Op 27 maart 1929 waard de katedraal sletten en troch de autoriteiten fersegele. Fan 1932 oant 1937 krige in museum de tsjerke yn gebrûk en op 8 april 1937 foel it beslut fan de Ried fan Folkskommissarissen om de tsjerke te ferneatigjen en al gau dêrnei waard de tsjerke opblaasd.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Yn de jierren 1980 wiene wer lûden te hearren dy't der foar pleiten om de katedraal wer op te bouwen. De grûn foar dat doel waard yn 1995 werom jun en doe setten ek de tariedings útein. Twa jier letter waard in boukommisje stifte, dêr't ek de Oedmoerdyske president Aleksandr Volkov syn sit yn naam. Mear as 45.000 partikulieren (wêrûnder Michael Kalasjnikov) en 500 bedriuwen joegen jild foar de weropbou, dy't tusken 2003 en 2007 plakfûn.

Op 5 augustus 2007 waard it haadalter fan de Michaeltsjerke ynwijd troch patriarch Aleksi II dy't de earste liturgy yn de tsjerke fierde yn oanwêzigens fan de president fan Oedmoersje en oare offisjele fertsjintwurdigers.

Sûnt july 2017 is de tsjerke de katedraal fan it bisdom Izjevsk en Oedmoersje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Святого Архистратига Михаила (Ижевск)