Aleksander Nevskikatedraal (Izjevsk)
Aleksander Nevskikatedraal
Собор Александра Невского | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Oedmoersje | |
Izjevsk | ||
adres | Ul. Maksima Gorkogo | |
koördinaten | 56° 50' N 53° 12' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Simjon E. Dûdin Andrejan Zacharov (restauraasje) | |
boujier | 1818-1823 | |
boustyl | Russsysk klassisisme | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 181210001700006 | |
Webside | ||
Side fan de katedraal | ||
Kaart | ||
De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Собор Александра Невского; Sobor Aleksandra Nevskogo) is in Russysk-otterdokse tsjerke yn Izjevsk yn Ruslân. De tsjerke wie fan 1994 oant 2017 de haadtsjerke fan it bisdom Izjevsk en Oedmoersje. Sûnt dat jier is dy status nei de Michaelkatedraal yn Izjevsk gien.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By in grutte stedsbrân yn 1810 gyng de âlde Elíakatedraal ferlern. De arsjitekt Simjon Emeljanovitsj Dûdin levere in plan foar in nije tsjerke mei trije tuorren, mar dat ûntwerp waard fanwegen de útwrydske pracht en de hege boukosten ôfwiisd. Ynstee dêrfan fersochten de autoriteiten om it ûntwerp fan 'e Andréaskatedraal fan Kronstadt as foarbyld te nimmen. Dûdin feroare syn ûntwerp yn in ienfâldiger gebou en makke dêrby mear gebrûk fan lokaal boumateriaal. De bou waard yn 1823 foltôge.
Sluting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maart 1922 waard beslach lein op it goud, it sulver en de edelstiennen fan 'e katedraal. Yn 1929 folge de sluting troch de autoriteiten nei in fersyk fan 'e jongereinôfdieling fan 'e Uny fan Ateïsten en yn itselde jier waard de klokketoer sloopt en de katedraal ferboud ta in ferieningsgebou. Letter waarden alle 24 klokken yn beslach nommen. Sûnt 1930 die de katedraal tsjinst as Museum foar it Ateïsme en wer wat letter folge de ferbouwing fan 'e katedraal ta de bioskoop Kolossus. Yn 1937 folge de ôfbraak fan 'e koepel.
Weromjefte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard yn 1990 weromjûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Nei in tarieding fan it restauraasjeplan fan arsjitekt S.A. waard yn 1992 útein set mei de restauraasje. Tsjin 'e ein fan 1993 waard de restauraasje foltôge. Ek de toer waard rekonstruearre en op 2 jannewaris 1994 fûn de ynwijing plak. Tagelyk mei de restauraasje waard ek in grêfkapel boud foar it grêf fan Andrei Derjabin, de stifter fan 'e wapenfabriken yn Izjevsk.
Yn 5 oktober 1994 waard troch in beslút fan 'e synoade de tsjerke in katedraal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Александра Невского (Ижевск)
|