Miami International Autodrome
Miami International Autodrome | ||
Sirkwy | ||
Miami International Autodrome (2022) | ||
Lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Floarida | |
plak | Miami | |
Histoarje | ||
type sirkwy | Strjittesirkwy | |
iepene | 6 maaie 2022 | |
arsjetekt | Apex Circuit Design | |
lingte iepening | 5,410 km | |
bochten iepening | 19 | |
Kaart | ||
It Miami International Autodrome is in strjittesirkwy yn Miami yn de Amerikaanske steat Floarida. It sirkwy is ûntwurpen om it Hard Rock Stadium in stadion foar Amerikaansk fuotbal yn Miami Gardens hinne, in foarstêd fan Miami. De organisatoaren fan de Grutte Priis om it Hard Rock Stadium hinne hiene in prinsipeoerienkomst om fan 2021 ôf in wedstriid te organisearjen, mar dit rûn fertraging op.
Foar it sirkwy fan 5,4 kilometer en 19 bochten, wurde alle nije en besteande diken op it terrein fan it Hard Rock Stadium brûkt, wêrby't de nije permaninte asfaltdiken dy't it sirkwy brûke sil, yntegrearre wurde. In pear wiken foar de Grutte Priis wurdt it sirkwy opboud foar it racewykein, Sadree 't it racewykein foarby is, wurdt it sirkwy demontearre en is it terrein fan it Hard Rock Stadium wer geskikt foar normaal gebrûk.