Springe nei ynhâld

Menzo Pieter Kingma Boltjes

Ut Wikipedy

Menzo Pieter Kingma Boltjes (Eanjum, 10 juny 1880 - Rotterdam, 6 oktober 1944) wie in dokter en sjirurch.

Hy waard berne as Menzo Pieter Boltjes, soan fan notaris Tjomme Ynte Kingma Boltjes (1842-1930) en Tettje Halbertsma, mar mocht by Keninklik Beslút fan 6 novimber 1895 de namme 'Kingma Boltjes' drage. Hy boaske yn 1908 yn Gronau mei Anna van Delden (1883-1954).

Hy gie yn Ljouwert nei it Steedlik Gymnasium, dêr't er ek aktyf wie yn de Ljouwerter Gymnasiasten Klup. Yn ien jier wie er twaris ficefoarsitter, omdat it earste bestjoer op 24 septimber 1898 ôfgie. Kingma Boltjes wie de iennige dy't yn it neifolgjend bestjoer wer in sit krige.

Hy waard oplaat ta sjirurch [1]. Yn 1912 promovearre er oan de Universiteit Leien op it proefskrift Intraperitoneale verwonding der urinewegen. Yn 1915 wie Kingma Boltjes arts oan de Stasjonswei te Leien. Fan 1918 ôf wie er haadassistint hielkunde oan de Ryksuniversiteit Leien en dêrnei fan 1920 ôf oan wie er as sjiruch ferbûn oan it gemeentlik sikehûs yn Rotterdam. Hy ûntjoech him ta spasjalist yn de sjirurgy fan it maach-termkanaal. Fan ein jierren 1930 ôf waard er troch de ryksoerheid jierliks offisjeel beneamd ta oplieder fan ko-assistinten. Hy wie teffens lang foarsitter fan de Vereniging voor Heelkunde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogie online