Melchior Bernards de Grote

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Melchior Bernards de Grote wie fan 1540-1580 haad fan it kleaster fan Aldskoat. Dit konvint bestie fan 1299 -1580. De geastlike, dy't oan it haad fan it konvint (kommanderij) fan de Dútske Oarder stie droech de titel 'kommandeur'.

Yn syn tiid fan kommandeur waard de Feankompanjy oprjochte (1551). De Grote wie in man fan kwizekwânsje mei in grutte belangstelling foar de feanûntginning. Neist Fan Dekema wie hy dé man, folle mear as Van Cuck en Foeyts. Op hast alle keapakten fan feangrûnen -der binne in lytse 200- stiet syn hântekening. As de rjochterhân fan Fan Dekema is hy ien fan de grûnlizzers fan it lettere It Hearrenfean.

De yn 1951 oanleine Melchior de Grotestrjitte leit yn it gebiet dat al foar it ûntstean fan It Hearrenfean Kommanderijikkers hiet.