Meidogger oerlis:Realistix
Graach nije oerliskategoryen boppe sette.
Periodyk Systeem
[boarne bewurkje]Periodyk_systeem_fan_'e_eleminten en Periodyk_systeem
Wêrom binne der twa?
- De side Periodyk systeem koe it prinsipe hawwe, wylst de oare dat spesifike periodike systeem beskriuwt. Mar ik nim oan dat it in fersin is; fiel jo frij om de ynformaasje fan de twa siden op ien side byelkoar te setten. Aliter 21 maaie 2009, 23.04 (CEST)
Er is no mar ien side oer it Periodyk Systeem. De oaren ferwiizje troch nei Periodyk systeem fan 'e eleminten.
- Goed dien. Aliter 22 maaie 2009, 18.59 (CEST)
Wolkom
[boarne bewurkje]Wat let, mar:
Wolkom op de Fryske Wikipedy. Dizze side is jo persoanlike oerlisside; oare meidoggers skriuwe op dizze side at hja mei jo oerlizze wolle. De Wikipedy hat ek in Wikipedy:Oerlisside foar oerlis mei eltsenien, as foar fragen as in praatsje. At jo wat witte wolle oer hoe't de Wikipedy funksjonearret, dan kinne jo dêr in tal siden oer fine op Wikipedy:Mienskip, en fansels kinne jo altiten freegje op de Oerlisside. Aliter 22 maaie 2009, 18.59 (CEST)
Ynfoboks
[boarne bewurkje]Ik haw jo berjocht omset nei in Ynfoboks: Berjocht:Ynfoboks Elemint, om net te folle ôf te wiken fan wat der fierders yn de Wikipedy brûkt wurdt. As foarbyld haw ik it berjocht brûkt op Wetterstof. De útlis stiet op de berjocht-side.
Apart fan de wat oare styl, haw ik de keppeling nei it Periodyk systeem wat minder prominint makke, om't minsken ornaris net fan dêr op de side komme sille. En foar no haw ik de keppelings wat fersimpele; at der letter wier betsjuttingssiden by komme dan kin it berjocht ynfâldich oanpast wurde. Aliter 24 maaie 2009, 00.36 (CEST)
Ja, dy keppeling nei Skiekundige eleminten hie ik earst litten om't ik noch net wist wat it wurde soe. Dy keppeling fan u ôf, dêr sit ik wat mei: Moat it net atomêre massa-ienheid wêze? Aliter 26 maaie 2009, 01.48 (CEST)
- Ja, ik tink dat it better is as we de u keppelje mei atomêre massa-ienheid. En de keppeling fan Namme nei Skiekundige eleminten haw ik earst sa, mar as er in list meitsje wurdt dy 't de eleminten sorteart op namme kin ik de keppeling better feroarje. Realistix 26 maaie 2009, 14.13 (CEST)
De list kin no sortearre wurde op wat de lêzer mar wol; dat sil grif genôch wêze. Aliter 30 maaie 2009, 18.02 (CEST)