Meidogger oerlis:Burgumer
Bêste Burgumer,
Wolkom by de Fryske Wikipedy! Ik sjoch jo binne al drok dwaande mei de side oer it Finsk. Ik haw der ek al wat oerlis by skreaun om dy side noch better te meitsjen.
Ik wit net hoe bekend at jo fierders binne mei Wikipedia, mar hjir in pear oanwiizings foar as jo dat net binne:
- Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip (lofts boppenoan op alle siden).
- Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlis side.
- Foar in sinjatuer by oerlis kinne jo trije as fjouwer golfkes brûke: ~~~~. Dy signatuer kinne jo noch oanpasse by jo Ynstellings, ûnder Persoanlike gegevens.
Aliter 00.51, 30 des 2005 (UTC)
Sinjatuer
[boarne bewurkje]Ik leau der is eat noch net goed mei jo sinjatuer. It liket hast as binne de golfkes no part fan de sinjatuer. Dat hat dan as gefolch dat alle kearen dat jo in side oanpasse al jo golfkes ferfongen wurde troch in keppeling nei jo meidoggerside en ... wer golfkes, en wer, en wer, en alle kearen wer. It haw it gefolch by Oerlis:Finsk weihelle, mar jo kinne it by de sideskiednis noch weromfine. Yn alle gefallen skriuw ik hjir wat fierder út wat it idee is:
- Jo kinne ~~~~ brûke as sinjatuer op in oerlis side. Dat wol sizze, at de side fêstlein wurdt, wurdt standerd ~~~~ ferfongen troch jo meidoggernamme mei in keppeling nei jo meidoggerside, plus de datum en tiid. By trije golfkes, ~~~, binne datum en tiid der net by.
- Wolle jo yn stee fan jo meidoggernamme in oare sinjatuer, dan kinne jo ynstelle by jo [[Wiki:Preferences|Ynstellings]], ûnder ''Persoanlike gegevens''. At jo wer de standert wolle, dan kin dat troch jo oare sinjatuer dêr wer wei te heljen.
Ik hoopje, jo hawwe hjir genôch oan om jo sinjatuer yn oarder te meitsjen. (Oars al in grappich gefolch.) Aliter 02.25, 1 jan 2006 (UTC)