Meidogger oerlis:31.151.158.124

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Bêste meidogger,

Do hast twa siden bewurke en dêrfoar tige tank! Ik seach datsto by beide siden tusken heakjes wurdfarianten brûkt hast. It wurdsje 'kriich' hoecht net tusken heakjes ferklearre te wurden, it wurdsje 'Noarwegen' of 'Noarwei' likemin. Do kinst dêrom miskien better in ferwizing meitsje nei dy siden ta, dêr kinne de lêzers dan mear ynformaasje fine, bygelyks oer de ferskate skriuwwizen/wurdfarianten. Op de side Germaanske mytology hasto Weda tusken heakjes ferklearre mei Wodan. Yn dat gefal haw ik in ynterne keppeling makke nei de side dy't oer Weda giet en it wurdsje Wodan fuorthelle. Lit dy net de moed ûntnimme troch myn berjocht, wy hoopje noch folle mear goede bewurkings te sjen want skriuwflaters binne der noch genôch te finen. Boppedat soe it handich wêze asto in akkount oanmakkest (klik rjochtsboppe op 'oanmelde'). Groetnis --Kening Aldgilles 16 feb 2012, 18.15 (CET)[beäntwurdzje]


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.