Springe nei ynhâld

Meidogger:Kening Aldgilles/Test4

Ut Wikipedy

It Frysk yn de Wikipedy

Foar dizze Wikipedy brûke it Westerlauwersk Frysk. Skriuwendewei en troch oerlis is der ûnder de ferskate meidoggers in skriuwkonvinsje ûntstien. Hjirûnder kinne jo lêze hoe't wy mei it Frysk omgeane yn dizze Wikipedy.

It Frysk hat sûnt 1871 ien mienskiplike stavering. Dy is feroare yn 1945, 1980 en 2015. Wy hâlde de meast resinte Fryske stavering oan.

Foarkarslist en ferskaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy skriuwt syn meidoggers neat foar oer de foarkarsstavering. De 'Foarkarslist' kin elkenien foar eigen ynterpretaasje nimme en mooglik as helpmiddel brûke. Wy skriuwe Geef Frysk en konformearje ús alsa oan it besteande Fryske wurdboekmateriaal sadat der romte is foar dialekt- en foarmferskaat.

Toponimen: nammen fan lannen en wrâlddielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oangeande lannenammen hawwe wy ús eigen foarkarslist, te witten de List fan lannen en gebieten. De lannelist dy't brûkt wurdt yn it Frysk Hânwurdboek brûke wy om troch te ferwizen nei ús eigen list. Wy dogge dat om twa redenen:

  1. Wy wolle de begjinsels fan de Fryske stavering folgje en hâlde dêrom konsekwint de -je oan ynstee fan -ië.
  2. Sûnt 2015 is de staveringsregel foar de 'oe' yn it Frysk feroare. It tapassen fan dy regel is by lannenammen gauris stridich mei de grûnbegjinsels fan de Fryske stavering.

Sealterfrysk en Noardfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealterfrysk en Noardfrysk hawwe beide in eigen Wiky. Dy beide talen wurde hjir net brûkt as skriuwtaal.