Megawati Soekarnoputri
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer politikus.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Diah Permata Megawati Setiawati Soekarnoputri (Jogjakarta, 23 jannewaris 1947) wie de fyfde presidint fan Yndoneezje fan 23 july 2001 oant 20 oktober 2004. By de ferkiezings fan 2004 waard hja ferslein troch Susilo Bambang Yudhoyono. Earder wie hja ficepresidint ûnder presidint Abdurrahman Wahid (Gus Dur) yn it tiidrek 1999-2001.
Megawati is de twadde dochter fan de eardere presidint Soekarno.
1970, it jier dat Soekarno stoar, begûn Megawati in stúdzje psychology oan de Universitas Indonesia, mar nei twa jier hâlde hja dêrmei op.
Neffens in protte minsken hat hja it sitte litten ûnder it presidintskip.
Megawati is in fromme moslim, mar folget ek (lykas har heit) de tadysjonele Javaanske gebrûken en leaut tige yn astrology.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Megawati Sukarnoputri fan Wikimedia Commons. |